Bertus Postma, âlde strider, jong fan geast
Resint ferskynd
Yn neitins
Myn earste yn de kunde kommen mei Bertus Postma wie op de earste Grutte Ried, dy’t ik meimakke. Dat wie yn oktober 2017. It wie de lêste gearkomste op it Keetwâltsje, mar foar my wie it de ynwijing yn de bjusterbaarlike wrâld fan de Fryske beweging. Postma draaide fansels al wat langer mei yn bewegingrûnten. It wie net in tige bysûndere gearkomste… Oant wy by de lêste sprekker yn it wurklistpunt Omfreegjen kamen. Dat wie Bertus Jans Postma fan Bitgummole.

Bertus Jans Postma kriget de Jongfryske earespjelde fan kommissaris Arno Brok (foto: JFM)
Twa wike letter seach ik him wer, doe’t de WMO-taksy him by Tresoar brocht. Nei oanlieding fan Postma syn punt by it omfreegjen hold de Ried in aparte gearkomste om in stânpunt te bepalen oer de situaasje yn Kataloanië. Dêr moast premier Puigdemond flechtsje, doe’t er in referindum útskreaun hie oer it ôfsplitsen fan Kataloanië fan it keninkryk Spanje. Postma ljochte syn fersyk koart ta, mei in praatsje sa’t ik dy letter faker fan him hearde. Hy brocht foar it fuotljocht, dat yn Kataloanië wat soartgelikens spilet as yn 1989, flak foar de fal fan de muorre. It folk kaam yn beweging en soarge dêrmei foar in grutte feroaring. Yn Kataloanië is dat oars beteard: de Spaanske guardia zivil fernedere de mannichte yn Barcelona en sloech de opstân del. Postma pleite derfoar om in stipebetsjûging te stjoeren oan it Katalaanske parlemint. Der waard omraak diskusjearre. In soad fertuten die de gearkomste net, sokssawat as it ynstellen fan in kommisje. Postma stapte teloarsteld yn ’e taksy nei hûs ta. De middei brocht him net wat er hope hie: in lyts bytsje stipe toane oan minsken dy ’t allinnich foar de wrâld oer steane.
Sa wiene der letter wol mear gearkomsten mei Postma. Ik leau dat er de lêste fiif jier net in soad riedsgearkomsten mist hat. Altyd wer kaam de WMO-taksy foarriden. Earst mei Postma en syn rollator, letter mei de rolstoel. Jong en skerp fan geast, mar beheind troch syn fysike âlderdom, krige er syn ferhaal de lêste jierren net mear altyd goed foar it fuotljocht. Dochs hold er oan as storein, benammen as it gie om de striid foar Frysktalige plaknammen.
Yn septimber 2020 spruts Postma yn op it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân op de taalnota fan de nij-foarme gemeente. Yn it foar hie er tige noed oft er syn hiele ferhaal wol dwaan koe. De ynsprektiid wie beheind en de foarsitter tige formeel. Soe er it wol rêde? Mar mei syn skriuwen foartiid hie er al wat yn beweging brocht: de FNP tsjinne in moasje yn oer Frysktalige plaknammen. Hiene se dat ek dien, as Postma him net foartiid oppenearre hie? De gemeenteried wie it der ienriedich mei iens. Mar amtlike en politike mûnen mealle net sa fluch. It hat noch oant 1 jannewaris 2023 duorre, foar’t dat hielendal rûn wie. Ik bin bliid dat Postma dy ynfiering dochs noch meikrige hat!
Arjen Dykstra
Bertus Postma is op 6 jannewaris ll. ferstoarn yn de âldens fan 93 jier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje