Artikel Eric Hoekstra oer Tsjibbe Gearts van der Meulen yn European Journal of Literary Studies
Resint ferskynd
Yn it wittenskiplik tydskrift European Journal of Literary Studies is in literatuerstúdzje opnommen fan de hân fan Eric Hoekstra, ûndersiker by de Fryske Akademy. Hy skreau in artikel oer it koarte ferhaal ‘Britting, de gûchelder – In tobinnenbringen’ (1899) fan de Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824 -1906), dêr’t er fan seit dat it in literêr masterwurk is.

Eric Hoekstra (boarne: Fryske Akademy)
Yn it koarte ferhaal presintearret Van der Meulen in nei’t it liket ûnskuldich tinkskrift oer in frjemdling, Britting, en syn frou, dy’t in skoft yn Burgum, Van der Meulens wenplak, tahâlde. In twadde ferhaalline befettet in tige humoristyske beskriuwing fan kategisaasje troch de dominy fan ‘e pleatslike tsjerke. By neiere beskôging ûntbleatsje de twa ferhaallinen in kompleks opinoar yn spyljen, fol bibelske taspilings, dêr’t Van der Meulens djip synyske wrâldbyld mei oerbrocht wurdt. Yn dat wrâldbyld bestiet de minskheid út bedragers en sukkels, mei de dominy fan de tsjerke en gûcheler Britting as ultime foarbylden fan bedragers, en de gemeente en de doarpelingen as sukkels.
Hoekstra’s literêre analyze is bedoeld om de kronkelpaden fan Van der Meulens ynsidintele genialiteit as ferteller te ûntraffeljen en de rykdom en kompleksiteit fan de opinoar ynwurkjende taspilings tusken de twa ferhaallinen sjen te litten. De styl fan Van der Meulen liket sterk op dy fan Laurence Sterne yn Tristram Shandy.
It artikel fan Eric Hoekstra, ‘Britting, the magician – of tricksters and dopes, and deceptive storylines’ is ferskynd yn European Journal of Literary Studies: Vol 4, No 1 (2022). It hat in taheakke mei in Ingelske oersetting fan Van der Meulens masterwurk.
Tsjibbe Gearts van der Meulens Frysktalige ferhaal is te lêzen yn de Digitale Biblioteek foar de Nederlânske Letteren (DBNL).
Boarne: Fryske Akademy
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje