Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (12. ein)

jannewaris 9, 2023 08:36

Wy komme oan de ein fan ús syktocht nei de Fryske Beweging yn it eardere Dongeradiel. In rûntsje dat begjint yn de fanâlds frijsinnige omjouwing fan West-Dongeradiel. Dêrtroch seagen wy ek wol in soad spoaren fan it Ald Selskip. Dat is ommers ûntstien út it frijsinnich fermidden. It Frysk waard praat troch it gewoane folk, skreaun troch de elite. Oant Waling Dykstra it by it folk brocht. It paad fan de Fryske Beweging giet reedlik op mei dat fan de sosjaal-ekonomyske ûntwikkeling en de ferpyldering (verzuiling). Krektlyk as de oare emansipaasjebewegingen tusken 1850 en 2000. Dêrmei kaam ek de gewoane man, lykas Anders Minnes en Anne Jousma foar it fuotljocht. Yn Dokkum kaam it allegearre wat byinoar. Doederus Kamminga koe mei alle streamingen troch ien doar. As ‘útjouwer fan de Fryske Beweging’ moast er der fansels ek syn brea mei fertsjinje.

Gysbert Japix (troch Matthijs Harings)

As wy it dan dochs oer útjouwers hawwe: út Nijtsjerk wei rekkene is yn Nes it earste hûs oan de rjochterkant de pastorij dêr’t Nynke van Hichtum yn berne waard. Fier foar’t har heit dominy waard, stie dêr in dominy Matthias Haringhouck. Hy wie in soan fan de Boalserter drukker Samuël Haringhouck. Dy joech ferskate publikaasjes fan Gysbert Japix út. Dat is it âldste (bewiisbere) spoar fan de Fryske Beweging dat ik fine koe.

Wy begûnen dizze reis hast by de Nessumer pastorij en soene dêr ek einigje kinne. Mar dêr giet it mis. Ds. Haringhouck (berne 1651) hat nea yn dizze pastorij wenne, want dy is boud yn 1743. De pastorij stie yn syn tiid yn de Haadstrjitte. Doe stiene skoalhûs en pastorij noch neistinoar. Krine Boelens is op datselde plak grut wurden!

Mei dizze reis hawwe wy sjoen dat der genôch spoaren fan de Fryske beweging yn it westlike part fan Dongeradiel binne. Dy sille yn oare parten fan de provinsje likegoed te finen wêze. Benammen de famyljebannen binnen de ferskillende streamingen fan de Fryske beweging falle op, al kinne wy hjir net alles beneame. Samuël Haringhouck, de útjouwer fan Gysbert Japix en Rinse Posthumus binne streekrjochte foarâlden fan Froukje Annema-Noordenbos. Troch de frouljuskant wiene se ek oaninoar besibbe. Mar ek Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Willem Wilman en Meindert de Jong binne mei Annema-Noordenbos ferbûn troch de famylje Schregardus. Dat wiene dominys en bakkers. Dy beroppen foelen wol op yn ús rûntocht. ‘Brood en spelen’. Draait dêr alles net om, as wy de Fryske taal yn stân hâlde wolle?

jannewaris 9, 2023 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.