Archeologyske fynst op it Waachplein yn Ljouwert
Resint ferskynd
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
Archeologen hawwe bakstiennen fundearringsresten fan it eardere Ljouwerter Waachgebou fûn.

Foto: Gemeente Ljouwert
De hjoeddeiske Waach is om 1590 hinne boud. Dêrfoar stie der hûndert jier lang in oar waachgebou. Dat gebou wie oant no ta allinnich bekend fan in âlde stedsplattegrûn. De archeologyske fynsten wurde himmele en fierder ûndersocht. De kommende twa wike wurdt de rest fan de fundearring fierder opgroeven en ûndersocht.
Wurksumheden yn kombinaasje mei archeologysk ûndersyk
Der wurdt op it stuit graafwurk oan it Waachplein dien, mei’t de gemeente Ljouwert opdracht jûn hat foar it griener meitsjen fan it plein. Om it plein bestindiger tsjin it feroarjende klimaat te meitsjen, wurdt in ûndergrûnske wetterberging en in gersfjild oanlein en wurde acht beammen plante. It wurk is op 16 jannewaris úteinset. It is in unike kâns foar archeology, omdat archeologysk ûndersyk meastal yn it bûtengebiet dien wurdt en net op sa’n prominint plak yn de binnenstêd. It graafwurk ferrint ûnder de archeologyske begelieding fan MUG Yngenieursburo. Yn de planning fan de wurksumheden is rekken mei archeologyske fynsten holden. Om 1 maaie hinne sil it nije Waachplein oplevere wurde.
Evert Stellingwerf, wethâlder Duorsumens en Erfgoed: “De gemeente Ljouwert hat in ryk histoarysk ferline mei hûnderten ryksmonuminten. Geweldich dat wy dêr hjoed in nij puzelstikje mei ynformaasje oan taheakje kinne. De fynst is nije ynformaasje, want wy witte neat oer it gebou. Mei de beammen meitsje wy it Waachplein foar de takomst bestindich en tagelyk is der omtinken foar it ferline. Ik bin benijd nei de resultaten fan it archeologysk ûndersyk.”
Sjochdei
Op sneon 11 febrewaris kinne nigethawwers foar ien kear by de fynsten op lokaasje sjen. Mear ynformaasje oer de sjochdei folget op de webside fan de gemeente Ljouwert.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje