Anne Dykstra: Unfoech praat (13)
Resint ferskynd
Kollum
It húske (5)
Op jins gemak op ’e skytstoel

Akkrumer skytstoel.
Foto © Stichting Akkrum Ald en Nij
Skytstuollen is al in pear hûndert jier de skelnamme foar de Akkrumers. Wêr’t se dat oan fertsjinne ha, lêze we yn ien fan de treflike stikjes fan ’e Dokumintaasjestifting Boarnsterhim yn ’e Midfrieslander (14 maaie 2002): “Achterhûs op it hiem, stiif tsjin ’e Boarn oan, stie in lyts hokje fan in meter by in meter en heechút twa meter fan ’e flier ta it skeanôfrinnende dakje. Men koe der amper rjochtop yn stean, mar dat wie ek net de bedoeling: men moast sitte op in planke, dêr’t in rûn gat yn seage wie. Dêr heal boppe de Boarn koe men dan syn behoeften dwaan en de bringst kaam rjochtstreeks yn ’e Boarn telâne. De minsken dy’t it betelje koene hiene de achterkant goed tichtspikere, mar it ferhaal giet dat der ek ferskate hokjes wiene sûnder de achterste side.”
“Dy húskes fûn men foaral yn ’t lân en der kaam hieltyd mear ferset tsjin. Der kamen tontsjes ûnder it gat (…) en eltse wike kaam oer de Boarn in pream en dy ferwiksele de folle tonne foar in lege. In eintsje fierder yn ’e Boarn waarden se nammers wer leechkipere en omwosken.”
It WFT jout by gemak as tredde betsjutting ‘privaat, w.c.’, dêr’t WC in anagronisme is, want de beide sitaten dy’t it WFT jout binne fan om 1900 hinne. Dy sitaten komme nammers allegearre út eardere wurdboeken of wurdboekhânskriften. Germ Postma jout gemak yn syn hânskrift út 1901 as ferlytsingsfoarm: ‘gemakje, húske yn tiden fen sykte tichte by to bigean’. Dyselde Postma jout ek noch de wurden gemakhúske, gemakkeammerke en gemakstoel.
Dy lêste wurden lykje wat optocht, mar foar it gemak telle we se der mar by, dat wy sitte no op sechtjin húskewurden. Jo kinne noch hieltyd húskenammen opstjoere nei ynfo@itnijs.frl.
Oare wike woansdei fierder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje