Anne Dykstra: Unfoech praat (12)

jannewaris 18, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

It húske (4)

Sekreet. Boarne Wikimedia Commons. CC BY-Sa 4.0

Sekreet
De earste betsjutting dy’t yn it WFT foar sekreet jûn wurdt, is wc, privaat. Dat doocht net hielendal, soe ik sizze, want sekreet en wc binne oantsjuttingen út hiel ferskillende tiden, dy’t inoar wat betsjutting oanbelanget lang net dekke. It sekreet is in wurd dat benammen yn ’e 19de iuw en begjin 20ste iuw brûkt waard. It wie gewoan in stjonkend húske, dat yn neat like op ’e himmele glêde wetterstjoerde pôt dêr’t jo en ik hjoed-de-dei ús prestaasje op leverje.

Privaat en sekreet hawwe wol wat faninoar. Privaat is in ferkoarting fan it midsiuwsk Latynske camera privata, in keammerke foar jinsels, dêr’t je moai privee sitte koene te poepen. Sekreet is, grif fia it Nederlânsk, út it Frânsk wei yn ús taalgebiet kommen. It Frânske secret komt wer út it Latynske secretus, dat ‘ôfsûndere, ferburgen, geheim’ betsjut. It Woordenboek der Nederlandsche taal slút dêr mei de betsjutting ‘Heimelijk gemak, bestekamer, privaat’ moai op oan. In sekreet is in plakje dêr’t je moai efkes oan kant koene om yn alle rêst jins behoef te dwaan.

Henk Wolf hat reagearre op it stikje oer tantenammen foar it húske. Dit skriuwt er: ‘It húske wurdt yn Noard-Dútslân gauris “Tante Meyer” neamd. Apart genôch sizze se yn it Dútsk al faak dat se “auf Tante Meyer gehen”. Dat ‘auf’ yn stee fan ‘zu’ makket it fansels foargoed dúdlik dat se net in echte tante bedoele.’
Tankewol, Henk!

De húsketeller stiet op alve.

Oare wike woansdei fierder

jannewaris 18, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.