Anne Dykstra: Unfoech praat (11)
Resint ferskynd
Kollum
It húske (3)

Boarne: Wikimedia Commons.
Lisinsje CC BY-SA 4.0
Kakhús
Waling Dykstra lit sjen dat in húske in húske bliuwt, ek al jout men it in moaie namme: “De stêdljue sizze sekreet, de boeren sizze kakhús, en as ’t al omkomt is ’t in winkel fen pompier en loarten” (keutels). Kakhús en skythús wurde yn alle gefallen al sûnt 1896 as nammen foar it húske brûkt. Skythús en kakhús litte gjin misbegryp ûntstean oer wat je op it húske dwaan kinne, skite en kakke. As oaren dat dogge, fine wy, alteast de measten fan ús, dat mar fiis. Dêrom wurdt wol sein It komt wer op it skythús del, as it petear ûntaardet yn ûnfoech praat.
Skythús en kakhús bringe it tal húskenammen op njoggen. It sekreet telle we noch efkes net, dat komt oare kear.
Der komme noch hieltyd ‘tante-nammen’ by. Ditkear foar de pispôt, dy’t by de mem fan immen fan Mildaam wol Maaikmuoi hjitte of, wat deftiger, tante Mietje. Maaik(e)muoi hat al âlde papieren. Yn it WFT fine wy al in bewiisplak út begjin 19de iuw. It WFT jout ek noch Maaike as namme foar de pispôt.
Oare wike woansdei fierder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje