Anne Dykstra: Unfoech praat (10)

jannewaris 4, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

It húske (2)

Immen út Ljouwert skriuwt: “Ik fyn pisje net in fiis wurd, mar ik bin bang dat oaren dat wol fine, en dus skik ik it dan mar wat as ik yn ’e skouboarch bin of sa. Dan sis ik: even nei de dames, want plasse, dat fertik ik.” Se skriuwt fierder noch: “Eartiids thús hiene wy (nuver genôch allinnich de fammen, de broers net) ‘tante Lize’. Dat hiene wy fan in muoike fan ús, in suster fan ús mem (1908-1990). Us mem-en-dy kamen fan Frjentsjer, en hoewol’t mem altyd Frysk prate, holden har broers en susters it op it ‘Franekers’. Oft dat no in echt Frjentsjerter wize fan sizzen wie, of allinne fan ús muoike, dat wit ik net.’

Ik tink net dat it typysk Fjentsjertersk is. In frou fan Boarn skriuwt dat har skoanmem meastentiids seit dat se efkes nei tante Betsje ta moat. In tredde ‘tante-namme’ komt fan Damwâld: tante Jet. Yn it Hollânsk wurde trouwens ek wol ‘tante-nammen’ brûkt foar it húske. As der noch mear lêzers binne dy’t ‘tante-nammen’ witte, dan hear ik dat graach. Leafst mei safolle mooglik ynformaasje derby.

Poepdoaze

Tûntsjeman. Boarne Wikipedy. Publyk domein

Ut Boarn komt poepdoas as namme foar it húske. Poepdoas (of poepdoaze) is typysk sa’n wurd dat meast yn it mûnling spraakgebrûk foarkomt. It heucht my teminsten net dat ik it oait lêzen ha. It iennige foarbyld dat it WFT (Wurdboek fan de Fryske Taal) jout fan poepdoaze, is in mûnlinge opjefte út 1953. It WFT neamt ek noch doas yn ’e betsjutting fan húske. De WFT-redakteur hat yndertiid (1966) oars net in skriftlik bewiisplak foar doas as húske fûn, dat hy moast sels in foarbyldsintsje betinke.

It wurd doaze soe syn oarsprong hawwe yn it Latynske dosis, dêr’t de betsjutting fan ferklearre wurdt trochdat guon doses fan medisinen yn in spuonnen doaske ôflevere waarden. Dêr kinne we de doasfoarmige houten betimmering om it tontsje hinne wol yn herkenne. Sa besjoen binne de oantsjuttingen poepdoas en doas foar it moderne wetterkloset winliken anagronismen, nammen út in earder tiidrek. Soks let neat fansels, se bringe it tal alternative nammen foar it húske op sân.

Oare wike woansdei fierder.

jannewaris 4, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.