Andrea Peirano winner Frysk spul yn Aymavilles (Italië)

jannewaris 30, 2023 10:05

Ferslach fan Liuwe Westra

Aymavilles (Italië), 29 jannewaris 2023 – De boppeseal fan in wynhannel oan ’e foet fan it histoaryske kastiel fan Aymavilles is omtsjoene ta in ynternasjonale toernoaiseal. Oeral hingje Fryske en Italiaanske flaggen, 33 tinksporters sitte yn djippe konsintraasje efter it boerd, de stân wurdt hieltyd byholden en op ’e muorre projektearre. De wedstriden fan de koprinners binne fia ynternet streekrjocht te folgjen.

Francesco Gitti yn ’e donkere trui (foto: Liuwe Westra)

De sport dy’t dêr beoefene wurdt, is in yn ferhâlding jonge fariant fan it iuwenâlde damspul: FRYSK!. It giet om it damjen neffens de Fryske regels, dêr’t de stikken troch de rjochte slach in grutter berik by hawwe. Dêrtroch einiget it Frysk damjen hast nea yn in remize en is it einspul tige kompleks. By de fariant FRYSK! begjint men net mei in boerd fol stikken, mar mei mar fiif skiven de spiler, sadat men fuortdaliks yn it einspul sit.

Francesco Gitti rjochts (foto: Liuwe Westra)

Dy fariant fan it damjen is in jiermannich lyn populêr wurden by de damklup fan Aosta, Damaosta, dy’t ûnder de besieljende lieding fan trainer Paolo Faleo stiet. Nei’t er in kear yn Frjentsjer meidien hat oan it Fryslân Open, hat er it spul op syn klup yntrodusearre, en mei grut sukses. De sterkste Italiaanske spilers kinne har ûnderwilens mei de Fryske top mjitte.

Andrea Peirano kriget as ekstra priis in Fryske oranjekoeke útrikt troch Liuwe Westra (eigen foto)

Oan it toernoai dogge 33 dammers mei, wêrfan 24 fan de klup Damaosta. De oare spilers komme út Bergamo, Lecce, Brescia, Terni, Savona, Cosenza, Livorno, dus út Noard-, Midden- en Súd-Italië. De foarsitter fan it Italiaansk dambûn, Carlo Bordini, is ek oanwêzich. Oars as it Nederlânske Dambûn KNDB organisearret it Italiaanske Dambûn toernoaien en kampioenskippen yn ferskate spulfoarmen: Italiaansk Damjen, Checkers, Ynternasjonaal (Hollânsk) Damjen, en no dus ek FRYSK! Winner fan it Frysk spul is wurden: Andrea Peirano.

Priiswinner Andrea Peirano (foto: Liuwe Westra)

Einstân 29 jannewaris 2023 (foto: Liuwe Westra)

Einstân totaal 29 jannewaris 2023 (foto: Liuwe Westra)

jannewaris 30, 2023 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.