Ambisjeus plan wint Filmkick-kompetysje

jannewaris 28, 2023 10:32

Remco Efdé hat mei syn plan en skript foar de film SMOG de njoggende edysje fan de Filmkick-kompetysje wûn. Dat waard tongersdeitejûn bekend makke yn Slieker yn Ljouwert. De kompetysje wurdt alle jierren organisearre troch it Noardlik Filmfestival. De filmmakker kriget in budzjet fan € 10.000 om de koarte film te realisearjen, dy’t dêrnei op it Noardlik Filmfestival yn wrâldpremjêre giet.

Karim Hamad, produsint ‘SMOG’, mei Remco Efdé op telefoan (foto: Aron Weidenaar)

SMOG
De film giet oer trije opportunistyske draaidoarkriminelen, dy’t op in dizenige âldjiersjûn nei in mysterieuze ôfspraak ride dy’t harren libben feroarje kin. Troch de diskusjes ûnderinoar, de lestich te ferklearjen foarfallen en de tichte dize ferdwale se hieltyd mear yn ’e smog. De film wurdt yn it Liwwadders sprutsen en is opnommen mei in filmploech út de regio.

Remco Efdé
Remco is hikke en tein yn Ljouwert en wennet no yn Noord-Scharwoude (West-Fryslân). Nei in stúdzje media en entertainment yn Ljouwert en film & fotografy yn Leien liet er him kenne as in kreative tûzenpoat. Mei Wytze Hoogslag foarmet er it keunstnersduo Team Posi, stiet er mei bruorke Ezra op it toaniel as kabaretduo Efdé&Efdé, is er gastdosint fan Eye Filmmuseum, resinsearret er foar de Filmkrant en die er seis kear oan it 48 Hour-projekt mei. Mei diel te nimmen oan de Firstwave (2022), it talinteprogramma fan New Noardic Wave, ûntjoech er him as filmmakker, wat resultearre yn SMOG.

Foto: Aron Weidenaar

Sjuery-oardiel
De sjuery bestie dit jier út Joke Olthaar (filmmakker fan û.o. Berg), Tim Leyendekker (filmmakker fan û.o. Feast) en Safirah Dijkstra (dramaturch by HUMAN en bestjoerslid fan filmferiening VERS). Nei in yngreven yndividuele beoardieling fan de sân dielnimmende plannen, hold de sjuery ôfrûne wike oerlis. Allegearre tige ferskillende, behoarlik sterke en orizjinele plannen, mar it waard al gau dúdlik dat SMOG der boppeút stuts en it bêste plan wie om dit jier de Filmkick te winnen.

De sjuery: “SMOG is in super útwurke, nijsgjirrich, mar ek ambisjeus plan. De sjuery hat hurd laitsje kinnen om de dialogen yn it skript en it entûsjasme fan de makkers spat derôf. It ferhaal en de keazen foarm binne orizjineel en de regyfyzje is skerp. Wy sjogge dernei út dizze film yn novimber op it Noardlik Filmfestival sjen te kinnen.”

Oer de Filmkick-kompetysje
Mei de Filmkick wol it Noardlik Filmfestival de regionale filmkultuer útdaagje en talintfolle filmmakkers fan eigen boaiem yn harren wurk stimulearje. De priis fan € 10.000 wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân. Mei de oant no ta realisearre Filmkick-films binne suksesfolle resultaten boekt, lykas in protte seleksjes op festivals oer de hiele wrâld en ferskate prizen.

jannewaris 28, 2023 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.