Advys DINGtiid: ‘Fersterkje it Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis’
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
De Fryske taal kin in better plak yn pjutteboartersplakken en berne-opfang krije as Ryk, Provinsje Fryslân en gemeenten mear liederskip sjen litte. Dat stelt DINGtiid yn syn advys oer it Frysk yn de foarskoalske perioade.

Boarne: DINGtiid
Provinsje Fryslân en Ryk stelden yn 2021 de fraach oan DINGtiid hoe’t it kin dat sa’n 40 prosint fan de Fryske bern net tagong hat ta Frysktalige berne-opfang. Oanbod fan de Fryske taal yn de foarskoalske perioade is ommers tige belangryk foar de taalûntjouwing fan bern tusken de 0 en 4 jier. Wat earder oft it bern Frysk meikriget, wat sterker de taalûntjouwing. Te min ynput fan it Frysk kin liede ta taalferlies. De kâns bestiet sels dat bern dy’t it Frysk wol fan hûs út meikrije, dochs harren thústaal ferlieze. Boppedat is der yn dizze sektor sprake fan in mindere posysje fan it Frysk foar it Nederlânsk oer – en dat heart net sa.
Trochgeande learline
Sawol Provinsje, Ryk as de Ried fan Europa ûnderstreekje yn harren ôfspraken en rapporten it belang fan de trochgeande learline foar it beskermjen en befoarderjen fan it Frysk: fan pjut oant promovendus soe Frysk oanbean wurde moatte. De foarskoalske faze is dêryn in kwetsbere skeakel om’t dêr – oars as yn it PO en VO – gjin wetlik foech leit: pjutteboartersplakken en berne-opfang binne net ferplichte om Frysk oan te bieden.
Ferlet fan draachflak en liederskip
Petearen mei partijen yn it fjild befêstigje eardere konstatearringen en oanbefellingen fan de Ried fan Europa en it Ryk: de trochgeande learline Frysk moat befoardere wurde troch it Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis fuort te sterkjen. Der bestiet lykwols gjin draachflak foar in wetlike ferplichting dêrta. Yn it ferlingde fan eardere advizen fan de Ried fan Europa en it Ryk, advisearret DINGtiid dêrom: meitsje yn de kommende jierren yn de foarskoalske faze de trochgeande learline ta prioriteit en toan beslissend liederskip.
Oanbefellingen
Mei de folgjende oanbefellingen fan DINGtiid kin it Frysk fuortsterke wurde yn it foarskoalsk ûnderwiis en kin in bydrage levere wurde oan in sterkere trochgeande learline:
- Ryk/Provinsje: nim konkretere en mjitbere doelstellingen op yn de nije BFTK.
- Gemeenten/Provinsje: stimulearje it Frysk en meartaligens op foarskoalske lokaasjes.
- Provinsje/Ryk: jou Frysk en meartaligens in fêster plak binnen de oplieding Pedagogysk meiwurker.
Lês hjir it folsleine advys ‘Frysk yn de foarskoalske faze’;
Lês hjir de begeliedende brief oan Provinsje Fryslân;
Lês hjir de begeliedende brief oan Ryk/BZK.
Folslein mei iens. Neffens my is der by it foarskoalsk ûnderwiis in soad te winnen tsjin lege kosten. Foar it ûntwikkeljen fan sprektaal binne de earste jierren sa wichtich! Ik rin der sels ek tsjinoan dåt ús berne-opfang net oan meartaligens duort of wol. It bestjoer neamt it sels ‘een verarming als leidsters een hele dag het Fries zouden spreken’. Dit âlderwetske tinken liket my basearre op foaroardielen of benaudens en seker net op wittenskip. Oan de liedsters en âlders leit it yn elts gefål net want dy wolle wol. Dus wat mear druk fan boppe om ek it lêste part fan de berne-opfang meartalich te krijgen soe om my wolkom wêze.