24 jannewaris – Dei fan de Nútsjesmoar
Resint ferskynd
Yn 2017 is 24 jannewaris ta Dei fan de Nútsjesmoar útroppen. In dei gjin nútsjesmoar? Foar guon minsken is dat net te begripen. It oanbrekken fan in nije pot is foar de echte nútsjesmoaroanbidder in feestje!

Foto: pixabay.com
Mei nútsjesmoar libje minsken langer en lokkiger. Dat lêste is net wittenskiplik oantoand, hoewol’t minsken nei in hap út de pot harren in stik blider fiele kinne. Ut ûndersyk hat lykwols wol bliken dien dat minsken dy’t geregeld apenuten ite, 21% minder kâns hawwe om te betiid te stjerren.
Mei in hap nútsjesmoar nimt men in balansearre foarm fan enerzjy yn. Yn 100 gram nútsjesmoar sit 20 gram koalhydraten, 6 gram fezels, 25 gram aaiwiten en 50 gram fet dêr’t 50% fan net-fersêde (onverzadigde) ‘sûne’ fetten binne dy’t nedich binne foar in sûn hert en sûne spieren. Dêrby jildt ek foar nútsjesmoar: genietsje, mar yt it mei mjitte.
Fierder sit der yn nútsjesmoar fitamine E, B3, magnesium, foaliumsoer en koper. Dêr kin gjin fitaminepil tsjinop.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje