16 jannewaris – Blauwe Moandei

jannewaris 16, 2023 07:00 Fernijd

Blauwe Moandei. Grauwe, skiere jannewarisloften, de magyske sfear fan de feestdagen is foarby. Jo ha jo goede foarnimmens al oer board set, troch as moarnsbrochje in Snicker te iten en jo earste ‘deistige’ jûnskuier ôfsein fanwegen gebrek oan enerzjy…

Blauwe Moandei stiet bekend as de depressyfste dei fan it jier. Neffens sizzen falt er op de tredde moandei fan jannewaris om’t dan de feestdagen foarby binne en de ‘frisse start’ fan in nij jier wer ta deselde rûtine as altyd ferfallen is. Teminsten, dat sizze se.

Alle jierren wurdt Blauwe Moandei troch in soad media oanhelle, mei help fan ‘wittenskippers’ dy’t ek in duit mei yn it ponkje dwaan wolle. Yn werklikheid is Blauwe Moandei, al wer moai wat jierren lyn, as ûnderdiel fan de marketingkampanje fan Sky Travel betocht, yn ’e hoop minsken te motivearjen om in fakânsje te boeken en der ris efkes lekker tuskenút te gean.

Blauwe Moandei wurdt troch alle serieuze wittenskippers ôfdien as pseudopsychology sûnder watfoar grûn dan ek. Wy moatte der ús dan ek mar net te folle troch liede litte. Blauwe moandei duorret lykwols mar in blaumoandei, dat sa slim is it no ek wer net.

jannewaris 16, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.