14 jannewaris: Kollaazjefoarstelling yn Bonifatiustsjerke Teridzert
Resint ferskynd
Op sneon 14 jannewaris 2023 sil yn de Bonifatiustsjerke fan Teridzert in epyske kollaazjefoarstelling te sjen en te hearren wêze oer de minsklike oanstriid om de wrâld en de tiid nei eigen hân te setten: Set de tiid stil (Stop de tijd). De foarstelling wurdt brocht troch de musisy Margriet Sjoerdsma en Martin Fondse en dichteres Vrouwkje Tuinman mei keamermuzyk, elektroanyske meldijen, oandwaanlike gedichten en licht-absurde lûden.
‘Stop de tijd’ is in foarstelling yn konsertfoarm. De lieten geane fan lyts en yntym nei swiid, orkestraal en epysk. In kombinaasje fan it deistige mei it ûnwierskynlike en absurde. De foarstelling nimt jin mei op reis troch in beskôgjende kaleidoskoop oan meldijen, ritmen en lûden; lieten dy’t út wanhoop, oerjefte of krekt eufory songen wurde. De teksten fan Vrouwkje Tuinman foarmje in brêge tusken it persoanlike en it universele. Bytiden befrieze de musisy de tiid. Alle ein hâldt in nij begjin yn.

f.l.n.r. Margriet Sjoerdsma, Martin Fondse en Vrouwkje Tuinman. Foto’s The Publicity Company
Martin Fondse is Componist des Vaderlands, skriuwt muzyk foar alderhande ferskillende ensembles lykas it Concertgebouworkest, it Metropole Orkest en Asko|Schönberg. Hy spilet in protte as solist op piano en fibrandoneon. Mei syn narrative en humoristyske styl wûn er yn 2017 de Boy Edgarpriis.
Margriet Sjoerdsma waard bekend mei A Tribute to Eva Cassidy. Mear as tachtich kear kaam se mei dat album oer de fuotljochten, fan North Sea Jazz Festival oant in ôfladen Concertgebouw. Yn 2021 krige se in Edison oar har album Odelion Orchestra – Northern Lights. Earder al wûn se de Nederlandse Oeuvreprijs Kleinkunst en Cabaret: de Bronzen Leeuw.
Vrouwkje Tuinman is skriuwster fan ûnder mear romans, dichtbondels en teksten foar muzykteäter. Se wûn ûnder mear de Grote Poëzieprijs. Yn 2022 krige se de C.C.S. Croneprijs foar har hiele oeuvre. Yn ‘Stop de tijd’ lêst se nij wurk foar en de beide musisy ferklankje har iepenhertige mar ek iroanyske gedichten. Sierlike folk, klassike muzyk, jazz en pop komme gear, letterlik en figuerlik tiidleas.
De foarstelling begjint om 20.00 oere. Fan 19.15 oere ôf wolkom foar kofje en tee.
Kaartsjes binne te bestellen fia cultuur@ter-idzard.nl.
Sjoch ek www.bonifatiuskerkteridzard.org/margriet-sjoerdsma.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje