Wyteksperimint opnij ferskood, start no pland yn 2024
Resint ferskynd
It wyteksperimint wurdt opnij útsteld. Nei alle gedachten sil pas yn 2024 yn alve gemeenten legaal produsearre wyt ferkocht wurde. Dat hat minister Kuipers fan Folkssûnens bekend makke.

Foto: pixabay.com
De útfiering fan it wyteksperimint is neffens minister Kuipers “bûtengewoan yngewikkeld”. Sa is it foar kwekers dy’t meidogge dreech om in lokaasje te regeljen, de nedige fergunningen te krijen en in bankrekken te iepenjen. It is ek wichtich dat der genôch ferskaat yn it oanbod oan wyt is, dat der foldwaande produsearre wurdt en en dat it produkt altyd fan goede kwaliteit is. Op it stuit is dat neffens Kuipers net it gefal.
Yn Brabân produsearret ien kweker al wol legale wyt. “Dêr hat hielendal net ien wat oan”, sei minister Kuipers nei ôfrûn fan de ministerrie. “De ferbouwer net, de gemeente net, de kofjesjopeigner net en de klanten net.” De begjindatum fan it eksperimint is al ferskate kearen nei efteren skood. Oant no wie it plan dat de proef yn it twadde fearnsjier fan 2023 úteinsette soe. Dat giet dus oer.
Wol ûndersiket it kabinet oft it mooglik is dat yn in lytser tal gemeenten earder as yn 2024 legale wyt oan kofjesjops levere wurdt. De boargemasters fan Breda en Tilburch diene al in soargelikense oprop. It is troch it opskowen fan it eksperimint ûndúdlik oft it kabinet yn 2024 in stânpunt oer de legalisaasje fan wyt ynnimme kin, lykas de bedoeling wie. Trochdat it eksperimint letter fan start giet, is it byhearrende ûndersyk dan noch net klear. Dêrom sille de ministers Kuipers en Yesilgöz (Justysje) yn 2024 besjen hokker konklúzjes sy op basis fan de beskikbere ynformaasje lûke kinne, sizze se yn in Keamerbrief.
Op it stuit hat Nederlân in belied dat wyt keapjen en ferkeapjen yn in kofjesjop tastiet, mar is it ferbouwen fan wyt en ferkeapjen dêrfan oan kofjesjops ferbean. Al sûnt de njoggentiger jierren is oer it legalisearjen dêrfan politike diskusje.
Mei it wyteksperimint wol it kabinet neigean oft legalisearjen mooglik is, mei as doel om de merk út it kriminele sirkwy te heljen. By de proef sil ûndersocht wurde wat de gefolgen foar de folkssûnens en de kriminaliteit binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje