Wichtige stap foar beskerming en opbetterjen fan de Noardseenatuer
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Einlings wurde der stappen set dêr’t de Noardseenatuer echt mei beskerme wurde kin. Ofrûne wike hat de Europeeske Kommisje fiskerijmaatregels oankundige yn ekologysk weardefolle gebieten yn de Noardsee. Mei yndied beskerme gebieten wurdt in wichtige stap nei in sûne Noardsee set. De maatregels wurde no foar goedkarring oan it Europeesk Parlemint foarlein. In wichtige stap foar beskerming en opbetterjen fan de Noardseenatuer, seit Stichting De Noordzee.

Foto: pixabay.com
Wytske Postma, direkteur fan Stichting De Noordzee, is optein: “Troch de boaiem fan dy ekologyske weardefolle gebieten te beskermjen, kriget de Noardseenatuer de kâns om op te betterjen en te bloeien. Dêrom is it wichtich dat it Europeesk Parlemint de maatregels goedkart.”
Stichting De Noordzee reagearret posityf op it nijs út de Europeeske Kommisje. Nei in proses fan mear as tsien jier wurdt der neffens de stifting no einlings wurk makke fan it realisearjen fan effektyf beskerme gebieten, in maatregel dêr’t Stichting de Noordzee him al jierren foar ynset. Yn it Noardsee-akkoart is ôfpraat dat tsjin 2030 15% fan de seeboaiem beskerme wurdt tsjin fiskark dat de boaiem rekket. Dat sil ek bydrage ta de beskerming fan brúnfisken en seefûgelsoarten.
It Nederlânske part fan de Doggersbank komt ek yn ’e beneaming foar beskerming mei’t it ekologysk weardefol is. Dy is no fertrage troch de ferhâldingen mei it Feriene Keninkryk sûnt de brútstap. Stichting De Noordzee pleitet derfoar om maatregels yn dat gebiet ek mei gauwens yn te fieren.
De fiskerijmaatregels binne basearre op mienskiplike oanbefellingen fan Nederlân en Dútslân en wurde stipe troch de buorljulidsteaten dy’t yn it gebiet fiskje (België, Denemarken, Frankryk en Sweden).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje