Waarpraatsje: Wintersk
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Der foelen tongersdei rûnom yn Fryslân in pear buien, ek mei winterske delslach. It bliuwt no in hiel skoft oan ‘e kâlde kant.
Tongersdeitenacht binne der opklearringen en op guon plakken kin damp ûntstean. By hast gjin wyn leit de temperatuer tusken +2 en -3 graden.
Freed liket in skiere dei te wurden en op in soad plakken kin it lang dampich bliuwe, mar in glimp fan ‘e sinne is net útsletten. Der stiet, sa goed as, gjin wyn. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Yn it wykein bliuwt it in bytsje winter.
Warskôging:
Op guon plakken kin it glêd wurde troch befriezing fan wiete dyken en troch damp kin it sicht min wêze.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje