Waarpraatsje: Stadichoan wer kâlder

desimber 6, 2022 16:29

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear skiere dagen wie der tiisdei wer ris wat ljocht. Letter yn ‘e wike wurdt it kâlder.

Tiisdeitenacht kinne der in pear buien falle. De wyn komt út it westen en is swak oant matich. By de kust lâns stiet in frij krêftige noarde- oant noardwestewyn en by de noardlike kust lâns is de wyn krêftich. It wurdt 2 graden.

Woansdei falle der buien, mar der binne ek wol in pear opklearringen. De noardwestewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêfich. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Fan tongersdei wurdt it wer kâlder.

Jan Brinksma

desimber 6, 2022 16:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.