Waarpraatsje: Rêstich, skier en kâld

desimber 1, 2022 19:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel rêstige tongersdei mei moaie mominten. It waar feroaret foarearst net. It is wol oan ‘e kâlde kant mei kâns op in bytsje froast yn ‘e nachten.

Tongersdeitenacht wikselje bewolking en in opklearring inoar ôf. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Freed liket wer in skiere dei te wurden, mar de sinne soe dochs ek sa út en troch wat skine kinne. De wyn komt út it noardeasten en is matich, yn it Waadgebiet sa út en troch frij krêftich. It wurdt net folle waarmer as in pear graden boppe it friespunt.

Yn it wykein bliuwt it rêstich en stabyl waar.

Jan Brinksma

desimber 1, 2022 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.