Waarpraatsje: Kâld
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie freed in kâlde dei en yn it wykein is it ek kâld, mar echt winter sil it foarearst net wurde.
Freedtenacht is de loft, nei alle gedachten, berûn. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.
Sneon sil skier begjinne, mar geandewei nimt de kâns op (wat) sinne ta. De noardeastewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch wer frij krêftich. It wurdt net waarmer as 2 graden, mar troch de wyn fielt it kâlder oan.
Snein liket in skiere dei te wurden en by in matige oant frij krêftige noardeastewyn leit de temperatuer mar in pear graden boppe it friespunt. De wyn makket it snein foar it gefoel ek wer kâlder.
Nei it wykein feroaret der net in hiel soad.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje