Waarpraatsje: Grauwe moandei
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie sneon en snein kâld en ferfeelsum waar. Oan it skiere waar feroaret dizze wike net in soad. It wurdt wol efkes wat mylder.
Sneintenacht kin der by de noardlike kust lâns in bui falle. De wyn komt út it noardeasten en is swak oant matich, yn it Waadgebied sa út en troch frij krêftich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.
Moandei kin der by de noardlike kust lâns in bui falle en op oare plakken sil it sa út en troch wat (sto)reine. De noarde- oant noardeastewyn is swak oant matich, mar by de noardlike kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad of 6.
De oare dagen fan dizze wike binne ek skier en fan tongersdei ôf wurdt it wer kâlder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje