Waarpraatsje: Ferfeelsum waar

desimber 5, 2022 19:01

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in donkere dei foar Kryst, al duorret dat noch krap trije wike. It bliuwt rêstich mar skier.

Moandeitenacht kin it sa út en troch wat (sto)reine. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns waait in matige noarde- oant noardwestewyn. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Tiisdei is it foar it grutste part fan ‘e dei ek wer skier en der kinne in pear buien falle. In inkelde opklearring is net hielendal útsletten. By in swakke oant matige weste- oant noardwestewyn wurdt it 6 graden.

Woansdei feroaret der net in soad, mar fan tongersdei sil it wer kâlder wurde.

Jan Brinksma

desimber 5, 2022 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.