Tongersdei Frysk yn de Twadde Keamer
Resint ferskynd
Tongersdei praat de Twadde Keamer oer de nije bestjoersôfspraak tusken Ryk en provinsje oer de Fryske taal en kultuer. De Fryske Keamerleden Harry van der Molen (CDA), Stieneke van der Graaf (ChristenUnie) en Romke de Jong (D66) hawwe oankundige dat hja yn it debat dêroer de Fryske taal brûke sille. As de foarsitterske dat talit, is it foar it earst dat de Fryske taal foar mear as in symboalyske bydrage brûkt wurdt.
Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de plannen fan de Keamerleden. Hja seit: “Dat in groepke Frysksinnige Keamerleden dwers troch alle partijgrinzen hinne it Frysk brûke sil yn de Keamer, is in prachtige ûntwikkeling.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje