The Rolling Stones fan 30 juny 2023 ôf yn it Grinzer Museum

desimber 16, 2022 08:37

Mei The Rolling Stones – Unzipped, dy’t fan 30 juny ôf te sjen is yn Grins, en The Art of Hipgnosis: Pink Floyd, Led Zeppelin, Genesis, Paul McCartney, Peter Gabriel & 10cc yn it earste fearnsjier ûnthjit 2023 yn it museum in muzikaal jier te wurden.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: Siese Veenstra/Groninger Museum)

Yn 2020 wie The Rolling Stones – Unzipped mar fjouwer wike iepen yn ferbân mei de koroanagoarre. Goed nijs dus foar besikers dy’t de útstalling doe mist hawwe. Fan 19 jannewaris ôf presintearret it Grinzer Museum de útstalling The Art of Hipgnosis. Dêrby steane de measte ikoanyske albumhoezen fan de Londenske ûntwerpstudio Hipgnosis sintraal.

The Art of Hipgnosis: Pink Floyd, Led Zeppelin, Genesis, Paul McCartney, Peter Gabriel & 10cc
19 jannewaris o/m 7 maaie 2023

The Art of Hipgnosis is de earste grutte oersjochsútstalling yn ’e wrâld oer de Londenske ûntwerpstudio Hipgnosis. Fan de santiger jierren ôf hongen miljoenen sliepkeamers fan jongelju fol mei legindaryske albumhoezen fan ferneamde ynternasjonale artysten. Dy hoezen binne foar in protte minsken bekend – lykas it reinbôgeprisma op de lp The Dark Side of the Moon fan Pink Floyd – mar de ûntwerpers net. Yn it Grinzer Museum is te ûntdekken hoe’t Hipgnosis dy ikoanyske albumhoezen makke. De útstalling sil foar in protte minsken, foaral foar muzykleafhawwers, in feest fan weromkennen wêze.

The Rolling Stones – Unzipped
30 juny 2023 o/m jannewaris 2024
De ynternasjonale útstalling oer The Rolling Stones lit jin efter de skermen fan alles oer de yndrukwekkende karriêre fan de musisy sjen. Oan ’e hân fan orizjinele objekten út it persoanlik argyf wurde ynstruminten, poadiumûntwerpen en albumhoezen toand. Mar ek ikoanyske kostúms, persoanlike deiboeken, seldsume audiofragminten en fideomaterialen binne yn ’e útstalling te sjen. Kaarten binne fan maart 2023 ôf te keap.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.groningermuseum.nl.

desimber 16, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.