Sport beskermet tsjin slimme koroana

desimber 21, 2022 19:59
Foto: Unsplash

Oereinkomme en de lea bewege is in goede manier om jin tsjin ‘e koroanasykte te beskermjen. Minsken dy’t in pear kear yn ‘e wike op syn minst in healoere yntinsyf bewege, hawwe fjouwer kear safolle kâns om in koroanabesmetting te oerlibjen.

Dat docht bliken út nij Amerikaansk ûndersyk. It is útfierd troch Kaiser Permanente, in medysk ûndersyksynstitút, yn gearwurking mei de universiteit fan Kalifornië. De ûndersikers hawwe gegevens fan twahûnderttûzen minsken analysearre.

Jo hoege net fanatyk te sporten om de kâns op slimme sykte of dea gâns lytser te meitsjen. Sels minsken dy’t alve minuten wyks sporte hawwe in dúdlik leger risiko op in slim ferrin fan koroana of dea troch dy sykte as minsken dy’t hielendal net út ‘e stoel wei komme.

Dat in goede kondysje minsken tsjin ‘e koroana sykte beskermet, waard al tocht, mar ûndersiker Robert Sallis fan Kaiser Permanente seit: “It docht bliken dat beweging noch mear fertuten docht as dat wy tocht hienen.”

Der binne ferskate ferklearrings foar de relaasje tusken sport en de wjerstân tsjin sykte. Beweging bringt it ymmúnsysteem op gong. Fierder soarget beweging derfoar dat wy minder lêst hawwe fan longkrupsjes of der gauwer fan genêze. Dat jildt ek foar ferkâldenheid. “Beweging is in ienfâldige en goedkeape manier om jinsels te beskermjen”, seit Sallis.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift American Journal of Preventive Medicine. It is hjir fergees te lêzen.

desimber 21, 2022 19:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.