Sjochtip: FryslânDOK ‘Is hjir noch wat te rêden?’ takom wykein

desimber 8, 2022 08:31

Op it ‘Friesendroapen’, dat om ’e trije jier op it Dútske eilân Helgolân holden wurdt, komme Friezen byinoar út alle wynstreken: fan it Hollânske WestFriesland oant Nordfraschlönj oan de Deenske grins. De Fryske taal en kultuer stiet ûnder druk. ‘Is hjir noch wat te rêden?’ is dêrom de fraach fan FryslânDOK, dat op ’e syk giet nei in nij Frysk ferhaal. Te sjen op 10 en 11 desimber by NPO2 en Omrop Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

It ‘Friesendroapen’ gie ôfrûne maitiid foaral oer it ûnwisse fuortbestean fan de eigen taal en kultuer. Yn it Dútske Nordfriesland wurdt it Frysk op hieltyd minder skoallen oanbean. Op universitêr nivo wurdt der, krekt as yn Nederlân, striden foar it Frysk. It ‘hillige eilân’ Helgolân jout sels in skrinend foarbyld. Sûnt de lêste learares ’Halunder friisk’ mei pensjoen is, wurdt it fak op skoalle net mear jûn. Fan de 1300 ynwenners praat noch mar tsien persint de taal. De boargemaster fan Helgolân seit planút dat it Frysk foar him ‘kein Priorität’ hat. Hoewol’t de Fryske flachjes wapperje en de folksdûnsers har moaiste klaaiïng toane, is it ‘Friesendroapen’ dan ek gjin feestje. De petearen gean foaral oer mear ynspanning foar de Fryske saak.

Op Helgolân is in akademyske moeting organisearre, dy’t wittenskippers yn ‘e kunde bringt mei inoars ûndersyk. It Nordfriisk Instituut en de Fryske Akademy wolle dat der yn it hiele Waadgebiet mei-inoar oparbeide wurdt: net allinnich yn ûndersyk nei taal en kultuer, mar ek bygelyks yn natuer en archeology. It lânskip en de skiednis fan it gebiet hinget ommers al mei-inoar gear. Miskien dat dit nije ‘Fryske ferhaal’ in takomst biede kin oan sawol de bewenners fan Helgolân, as dy fan alle Fryske wynstreken.

FryslânDOK ‘Is hjir noch wat te rêden?’
Sneon 10 desimber NPO2 15.30 oere (werhelling 11 desimber 13.10 oere)
Snein 11 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Besjoch it foarfilmke.

desimber 8, 2022 08:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 desimber 8, 11:21

    As de titel in yndikisaasje fan de ynhâld jout… Bin benijd hoe’t Omrop Fryslân dizze kear ferslach dien hat. Faak meitsje se fan items oer it Frysk frijwat negative en depressive dokumintêres…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.