Simone Djurrema: Ferrassing en noch folle mear
Resint ferskynd
Kollum
Dêr wie it safier: nei hast fjouwer jier soe ik nei Fryslân ta! Hindrik wie der al. As men de reis mei wurk kombinearje kin, meie de kosten fan de belêsting ôflutsen wurde en dat is hjir de muoite wol wurdich. Ik wie net wis oft ik gean soe, mar ik hie it heal en heal yn ‘e holle om mem op har jierdei te ferrassen. Dat rêde ik net, 8 novimber is har jierdei en ik moast 7 novimber noch wurkje, mar se soene it mei de famylje op sneon fiere en dan koe ik wol!
Ik woe it ris mei de bus besykje. Foar ûngefear tachtich euro nei Nederlân? Dêr kin ik net iens foar ride! Ik hie ek nei de trein sjoen, dat wie in bytsje djoerder en gie in bytsje hurder, mar dan moast ik fiif of seis kear oerstappe en dat gefoel fan ik-mei-de-trein-net-misse kinne myn senuwen op it stuit net oan, dat it waard de Flixbus.
Yn de nacht fan tongersdei op freed om 00.10 oere swaaide ús soan my yn Uddevalla út. Op it plak dêr’t ik siet rûkte it wol wat nei âlde pis. Ik miende dat it troch ien fan de passazjiers kaam, mar ik siet krekt wat te ticht by de wc. Jimme kinne neigean hoe’t it der op ’e wc útseach en rûkte; op in reis fan 17,5 oere komt men dêr fansels wol efter. Ik krige lêst fan myn stuitsje op de hurde stuollen. Ik koe noch wol wat sliepe, gelokkich, mei de tas krampeftich tsjin my oan. Ja, as plattelânsfamke miende ik fansels dat eltsenien my berôvje woe! By eltse bushalte stiene de sjauffeurs by de iepen doarren te smoken en dat luts yn de bus op. Wie it in noflike reis? Nee. Wie it de sinten wurdich? Ja dus. Wat wol men foar dat bedrach.
Jûns yn Grins seagen ik en in jonge jonge letterlik de sneltrein foar ús noas fuortriden. Mar gjin need, de stoptrein gie ek al hast. Der kaam gjin kontrôle, dus se seagen ek net dat ik net yntsjekt hie by sa’n pealtsje op it stasjon. Hoe moat ík dat witte! Op Feanwâlden haw ik doe ek mar net úttsjekt. En dêr stie myn keardel my op te wachtsjen. Wat kin men bliid wêze ien nei in pear wike wer te sjen!
Ik doarde de oare deis hast net nei de Action (ja, dy mis ik hast noch mear as de famylje, dat begripe jimme fansels wol, dêr moast ik perfoast hinne!), want stel dat ien my sjen soe en it oan ús heit en mem fertelle soe. Mar it gie goed, en de middeis setten wy nei de Sumarreheide ta. Ik dûkte it lêste ein en stjoerde Hindrik troch de efterdoar. Hy moast dan mei in smoesje nei de foardoar en dêr soe ik dan stean. “Tadaaa!”
“Ja, wat moat ik no dwaan dan?” rôp er lûd.
“Ssssst!!! Mei heit en mem nei de foardoar en iepen dwaan!” Dy keardels snappe der ek neat fan. Der moat wol in bytsje drama by, hear! Dat ik krûpte bûten ûnder de finsterbanken troch nei de foardoar en wachte oant Hindrik der klear foar wie. Sjogge jimme foar jim dat Hindrik der wat omeamelet wat er ek al wer dwaan moat en ús mem snapt der neat fan.
Mar doe gie de doar iepen en it wie slagge, hear!
“Hoe kin dit, hoe kin dit, hoe kin dit!!!” rôp mem. Krekt as op ’e telefyzje mei Robert ten Brink. Se wiene gelokkich bliid dat ik der wie. Ja, de oaren wisten it allegearre al. We hawwe gesellich mei ús allen de jierdei fierd en heit en mem (heit syn jierdei is 24 november) krigen allegear kadootsjes mei fûgeltsjes derop, spul dat yn Nederlân net te krijen is.

Yn ’e winter binne der allegearre dingen mei ”domherrar” (goudfinken) te keap. Heit en mem binne der gek op! (foto: Simone Djurrema)
Ja en doe gie it oan! It is GJIN fakânsje as wy in Fryslân binne. Hindrik wie fergetten dat we de sneintemiddeis fiif bliksembesiten pland hiene en wie dermei akkoart gien dat syn suster en de famylje de middeis komme soene. Dat no hiene we foar dy besiten mar oant 16.00 oere de tiid! Mar wy hawwe it rêden! Trije wiene it ofrûne jier ferhuze, dus dat waarden trije besichtigingen. It wie sa moai om harren wer te sjen en harren nije plakjes te bewûnderjen!
Jûns krigen we patat mei snackjes fan ’e snackbar! Dêr hie ik al wiken nei útsjoen! Ik libje aardich sûn, mar sa no en dan moat men wol ris sûndigje kinne, hear! Ik mei graach iten en ik haw dy wike twa kear wytlof hân, dat is hjir yn Sweden net te beteljen; twa of trije stronkjes foar trije, fjouwer euro! We hawwe stoofparkes iten, hjir net te krijen; ik haw al in beamke plante! En we hawwe kibbeling hân fan fiskhandel Toonstra. Hearlik!
De rest fan ’e wike haw ik twa nachten by heit en mem slept. Dat is dochs better as in pear kear op besite, fyn ik. Doe trije nachten by ús dochter. Dat wie ek hiel kostber. En troch har nije freonen op “Fan ´t Famke” yn Stynsgea mocht ik in moarn helpe by it melken op harren biologyske pleats. Ja, dêr sis ik gjin nee op; ik wol alles meimakke hawwe! It gie leau ik ek noch wol knap, de wyldste kij mocht de boer sels dwaan. Ik fielde it de oare deis wol yn ‘e earms! It sil wol net folle holpen hawwe dat ik derby wie, mar as se der mar net ekstra wurk fan hân hawwe, tink ik dan mar. Ik fûn it prachtich.
Ja, de boeren, ik hie op it nijs fansels alles wol wat folge, en ik moat sizze dat it my wol wat die: allegearre flaggen op ’e kop. Oan de diken, by huzen, op ferkearsbuorden ensafuorthinne. Ik hoopje sa dat dizze “trein” stil te hâlden is! Wer sa’n saak dêr’t neat fan doocht…
Under alle besiten dy’t ik die, gie ik ek nei myn freondinne Maaike yn Garyp. Ik parkearre op de oprit dy’t se mei de buorman diele. Nei in oerke kaam dy deroan. Ik tocht dat ik ferkeard parkearre hie.
“Moat ik de auto fersette?”
“Nee hear, mar ik tocht, wat foar nûmer is dat; as Maaike der net is, belje ik de plysje.”
“Do kinst dochs gewoan sjen dat der SE op stiet!”
Dat stie der dus net op. De auto is fan 2002, wa tinkt dêr no oan? Wat hawwe wy lake doe’t we ús foarstelden dat we te kuierjen west wiene sa as de lêste kear dat ik by har west hie! Dat hie wol mâl gean kinnen!
Doe’t ik letter dy wike in adres jûns yn it tsjuster net fine koe, en ik al in pear kear keard hie, waard ik wol in bytsje ûngerêst dat se tinke soene dat ik fan de ien of oare East-Europeeske bende wie! Meikoarten mar in stikker keapje mei SE derop!
It wie trouwens net altyd maklik om de wei om Burgum hinne te finen. Doe’t wy nei Sweden ferhuzen, wie noch mar in hiel lyts part fan de Sintrale As yn gebrûk; fjouwer jier lyn mear en no binne der wer nije dingen. Ik kin der net yn ien wike oan wenne hear, dat ik sil tenei de navigaasje wol geregeld brûke moatte.
Oan ’e ein fan de wike hawwe skoanmem en ik noch in rûntsje troch de supermerk dien. We hawwe ûnder mear pipernuten, gewoane en folle spekulaas, taaitaai, banketstêf, joadekoeken en âldwiif kocht om mei nei hûs te nimmen.

Wy kamen thús yn ’e snie, moaier koe it net! (foto: Simone Djurrema)

Foto: Simone Djurrema
De kommende wiken sil ik mei freonen en buorlju de sinteklaasdingen ite. Dan fertel ik oer de âldwivekoeke: “Jimme ite no in stikje âld wiif”, dat heart altyd wol moai. En dan mei ik harren útlizze oer Sinteklaas, Swarte Pyt, dy’t net mear mei (mar de joadekoeken wol) en dat der pipernuten struid waarden, yn ’e hûs mar ek wol bûtendoar. Ik tocht lêstendeis: iet ik se bûtendoar ek fan ’e grûn? Ik krige ek wol ris in hantsje, mar der waard dochs grif ek wol struid! Ik wit it echt net mear. Ja, lis dat mar ris út, dat we pipernuten fan ‘e grûn ieten!
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje