Sieger Bijsterveld: Krystman, wêr komst wei?
Resint ferskynd
De skiednis fan Santa Claus yn grutte halen
Skôging
It antwurd op de fraach wêr’t de Krystman weikomt kin koart en dúdlik wêze: út Nederlân.
De namme fan Sinteklaas komt yn Amearika al om 1800 hinne foar. Hy wurdt dan St. A. Claus neamd. Dêrút groeit hiel maklik Santa Claus. Wy ha him útfierd as Sinteklaas en as Santa Claus, de krystman, wer ymportearre.
Oan it begjin fan de 19de iuw skriuwt Washington Irving Knickerbocker’s History of New York. Oan de titel is al ôf te lêzen dat wy dy stúdzje, mei as ûndertitel fan it begjin fan de wrâld oant en mei de ein fan de Nederlânske dynasty, net serieus nimme moatte.
Hy beskriuwt op humoristyske wize hoe’t in selskip fan Nederlânske lânferhuzers yn Amearika oankomt en dêr de earste nacht trochbringt. De grutte fraach wat it bêste plak is om in stêd te bouwen wurdt oplost yn in dream fan de foarman fan de emigranten. De goede Sinteklaas komt oer de beamtoppen op syn wein nei harren ta en jout mei in reekwolk oan wêr’t se wêze moatte.
Yn dyselde snuorje wurdt de New York Historical Society oprjochte. Irving draacht syn boek oan de Society op en de leden fine it prachtich. Yn 1810 organisearje se op 6 desimber it earste Sinteklazediner. Om dat in bytsje ‘kleur’ te jaan freegje se in keunstner om in tekening fan Sinteklaas te meitsjen. Dat wurdt, nei de gegevens fan Irving, in man mei in piip yn ’e mûle dy’t de bern lekkers jout.
De foarsitter fan de Society soarget derfoar dat Sinteklaas de beskermhillige fan it genoatskip wurdt en ek fan de stêd New York. En sa is der in nije ferskiningsfoarm fan Sinteklaas berne, basearre op in boechbyld dat mear liket op de Dútske as op de Nederlânske Sinteklaas. Mar yn ús lân is er dan noch net werom.
A Visit from St. Nicholas, by ús better bekend as The Night before Christmas, wurdt yn 1822 skreaun troch Clement Clarke Moor. Hy woe dêrmei syn bern in plezier dwaan en hat net tinke kinnen dat syn rimelerij de hiele wrâld oergean soe. Yn in slide, lutsen troch rindieren, lit Moor St. Nicholas lânje op it dak fan it hûs. Troch de skoarstien bringt de goederjouske man dan de kadootsjes nei de hoazzen fan de bern. It wie in grapke fan him. Bestimd foar de eigen húshâlding. Kunde fan him fûn lykwols dat mear minsken it lêze moasten en joech de tekst oan in krante. De abonnees wiene tige entûsjast en yn rap tempo gie it ferhaal Amerika oer.
In hiel grutte populariteit krige it gedicht troch de tekeningen dy’t Thomas Nast fan 1862 oant 1886 fan Santa Claus elk jier makke foar in wykblêd. Hy betocht dat de krystman wenne op de Noardpoal en dat de bern him in brief skriuwe moasten. Troch him gie Santa Claus fier oer de grinzen fan Amearika hinne. Troch him ek seach it sakelibben it kommersjele belang fan kryst en waard de basis lein foar it feest dat útgroeide ta de hjoeddeiske merke fan de moaiskyn.
Mar noch wie de krystman net de Santa Claus fan no. Dêrfoar moast it earst 1931 wurde. Yn dat jier betocht de Coca Cola Company dat se ekstra reklame meitsje moasten foar harren frisdrinken om ek yn ’e winter mear te ferkeapjen. It each foel dêrby op de doe al enoarm populêre Santa Claus.
Nast, in Dútsker, wie by syn tekeningen útgien fan de Beierske Sinteklaas, sa’t hy dy út syn bertelân koe, mar foar in reklamekampanje wie dy net freonlik genôch. De bekende tekener Sundblom krige de opdracht foar in ûntwerp. In prachtig foarbyld fûn er yn syn buorman, in man mei in noflik rûn stal en in golle ‘jo-ho-ho-laits’. By Coca Cola wiene se entûsjast en dêrmei krige Santa Claus in gesicht dat yn alle úthoeken fan de wrâld bekend waard.
En sa kaam Sinteklaas dus as Santa Claus werom yn it lân dat er iuwen ferlyn mei emigranten ferlitten hie.
Hoe soe de krystman dan yn Rovaniemi yn Finlân bedarre wêze? De kommersje wol ús leauwe litte dat dat it wenplak is fan de goede man en hy hat sels in eigen postkantoar dêre