Romtekuier Russyske kosmonauten oergien fanwege lek
Resint ferskynd
Twa Russyske kosmonauten oan board fan it ynternasjonale romtestasjon ISS hawwe tongersdei harren romtekuier ferskowe moatten fanwege in lek yn in keppele Sojoez-raket. Neffens NASA hat de sânkoppige bemanning fan it ISS net yn gefaar west.

ISS (boarne: NASA)
Kosmonauten Sergej Prokopjev en Dmitri Petelin woene krekt oan harren romtekuier begjinne om in radiator te ferpleatsen, doe’t flechtlieders seagen dat in floeistof út it romtereau weilekte. It bliek om kuolfloeistof te gean.
De Sojoez M-22 kaam ôfrûne septimber by it romtestasjon oan mei oan board, njonken Prokopjev en Petelin, de Amerikaanske astronaut Frank Rubio. It reau is sûnt oant it ISS keppele, oan de kant fan de ierde. De oarsaak fan it lek is noch net opheldere. It romtereau wurdt op mooglike skea neisjoen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje