Romtekapsule NASA wer feilich op ierde nei rûntsje om ’e moanne

desimber 13, 2022 09:45

NASA’s Orion-kapsule is werom op ierde nei in proefflecht fan trije wike om ’e moanne. De parasjutes fan de kapsule giene iepen, lykas hope, en it ûnbemanne romteskip fan de Artemis 1-missy plûnze snein om 18.40 oere Nederlânske tiid yn ’e Stille Oseaan, net fier fan it Meksikaanske Isla Guadalupe. In marineskip hat de kapsule en de testdummy’s út it wetter fiske.

Orion (ôfbylding: Wikipedia/NASA – publyk domein)

De kapsule rekke de atmosfear fan de ierde mei in faasje fan mach 32 (goed 38.000 kilometer yn ’e oere), oftewol 32 kear de faasje fan it lûd. Mei in spesjale meneuvel ketste de Orion as in platte stien op de atmosfear, wat it skip justjes fertrage yn de fal nei de ierde. It lêste stikje waard troch de parasjutes ôfremme. De suksesfolle lâning is wichtich foar NASA, dy’t yn 2024 in nij rûntsje om ’e moanne pland hat. Wylst Orion no de loft ynstjoerd wie mei inkeld dummy’s mei sensoaren en strielingsmjitters, sille yn 2024 fjouwer astronauten meigean.

De Orion is útrist mei in tige sterk hjitteskyld. Dy beskermjende laach moat foarkomme dat it romteskip beswykt ûnder de ekstreme hjitte dy’t frijkomt by weromkomst yn de atmosfear. De temperatuer oan ’e bûtenkant fan de kapsule is dan likernôch trijetûzen graden Celsius. It liket derop dat it hjitteskyld wurke hat. NASA-yngenieurs ûndersykje noch hoe goed. It foarste part fan it reau, dêr’t no de testpoppen sieten, is fan NASA. It efterste part, fan it Europeeske ESA, is yn ’e atmosfear ferbaarnd. Dêr sieten ûnder mear de oandriuwing en de Nederlânske sinnepanielen dy’t it reau fan elektrisiteit foarseagen.

Orions weromkomst op ierde falt gear mei it fyftichste jubileum fan de lêste moannelânning. Krekt fyftich jier lyn lâne de Apollo 17 mei de Amerikanen Eugene Cernan en Harrison Schmitt op ’e moanne. De Orion wie de earste kapsule sûnt dy in besite oan ’e moanne brocht. It sil in jiermannich duorje foar’t de minske sels wer op ’e moanne weromkomt. Op it stuit beskikt NASA noch net oer in lâningssysteem dêr’t dat mei kinne soe. Dat systeem wurdt ûntwikkele troch SpaceX, it bedriuw fan Elon Musk.

desimber 13, 2022 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.