Romme mearderheid Nederlanners hat neat tsjin Swarte Pyt
Resint ferskynd

Fan alle ynwenners fan Nederlân wol 33 persint it leafst dat alle helpers fan Sinteklaas swart binne. 25 persint sjocht it leafst swarte, kleurige en oare piten trochinoar hinne. Dy 58 persint foarmet in romme mearderheid fan minsken dy’t gjin beswier hawwe tsjin de tradisjonele helpers fan de Sint.
Under etnyske Nederlanners lizze de persintaazjes noch heger: 36 persint wol it leafst allegear swarte helpers en 26 wol it leafst swarte en oare helpers (byinoar 62 persint). De grutste tsjinstanners fan swarte piten binne de Turken en Marokkanen yn Nederlân.
Dat docht bliken út ûndersyk fan I&O Research, dat alle jierren neigiet hoe’t Nederlanners foar Swarte Pyt oer steane. De stipe foar inkeld mar swarte helpers is de ôfrûne jierren hurd ôfnommen. Yn 2016 wie 65 persint noch foarstanner fan inkeld mar swarte piten. In tige lyts oanpart is tsjin alle piten (4 persint), de groei sit by minsken dy’t ek oare piten wolle en by minsken dy’t in flugge feroaring fan it uterlik fan de helpers wolle.
De Nederlânsktalige media berjochtsje krekt wat oars oer it ûndersyk, dy beskôgje de 25 persint minsken dy’t njonken swarte helpers ek oare helpers sjen wolle as tsjinstanners fan Swarte Pyt.
De titel fan dit stikje hie ek wêze kind: Hieltiid mear Nederlanners wolle gjin swarte piet mear. Fan 65% yn 2016 nei 33% yn 2022.