Rêsten lêste Tasmaanske tiger yn Australyske museumkast fûn

desimber 6, 2022 08:35 Fernijd

Yn in museum yn Australië binne de rêsten fan foar safier bekend de lêste Tasmaanske tiger weromfûn. De deadskop, bonken en hûd leine mear as 86 jier yn ’e kast fan de Tasmanian Museum and Art Gallery yn Hobart.

Bûdelwolf (yllustraasje: Wikipedia/John Gould – publyk domein)

Meiwurkers fan it museum sochten jierrenlang sûnder sukses nei de rêsten, mei’t nearne opskreaun like te wêzen wat dêrmei bard wie. Se namen dêrom oan dat se fuortsmiten wiene.

It wyfke wie yn 1936 troch in streuper fûn en oan de bistetún yn deselde stêd ferkocht. “De ferkeap waard net registrearre, mei’t it setten fan fallen doe ferbean wie en de streuper in boete krije kinnen hie. It bist libbe noch in pear moanne en waard dêrnei nei it museum yn Hobart oerbrocht”, seit ien fan de ûndersikers dy’t de rêsten wist te finen.

In nea publisearre rapport fan de spesjalist fan it museum dy’t bisten opsette, wiisde harren it paad. Yn syn rapport oer de jierren 1936 en 1937 skriuwt er dat er oan in Tasmaanske tiger wurke hat. Der stie ek yn fermeld dat de resten eartiids oan karton fêstmakke wiene, sadat se maklik ferfierd wurde koene om yn it ûnderwiis te brûken. Dy wittenskip late de ûndersikers nei in kast yn de ûnderwiisôfdieling fan it museum.

De Tasmaanske tiger of Tasmaanske bûdelwolf is noch tiger noch wolf, mar in fleisitend bûdelbist. De kop like op dy fan in hûn, de streken op ’e rêch en sturt diene oan in tiger tinken. De bisten dêr’t er op jage, woegen net mear as tsien kilo. Doe’t de Europeanen yn Australië oankamen, libben de soarte inkeld noch op Tasmanië, in eilân besuden it Australyske fêstelân. Dêr is it bist yn ’e jierren dêrnei útstoarn.

Lang is oannommen dat in eksimplaar dat yn 1933 fongen waard, de lêst libbene Tasmaanske tiger wie. Dat bist ferbleau ek yn ’e bistetún fan Hobart en stoar yn 1936. Neffens it museum wie dat it op ien nei lêste eksimplaar.

desimber 6, 2022 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.