Provinsje wol Frysk op identiteitsbewiis
Resint ferskynd
Wol Ingelsk en Frânsk op it rydbewiis, mar gjin Frysk? Hoe bryk wolle jo it hawwe? Dat wie it betinken fan aksjegroep Jongfryske mienskip. Dy sette dêrom nei de provinsje ta en brocht deputearre Sietske Poepjes op it idee om by it Ryk te pleitsjen foar in breder gebrûk fan de twadde Rykstaal.
Tiisdei makke frou Poepjes it nijs buorkundich: Deputearre Steaten hawwe begjin novimber al ôfpraat om de saak by it Ryk yn it omtinken te bringen. As de Provinsje syn sin kriget, komt it Frysk op alle identiteitsbewizen te stean, dus op rydbewizen, paspoarten en gemeentlike identiteitskaarten.
Dat iepentlike antyfryskens noch hieltiten bestiet, waard hjoed wol dúdlik doe’t de Nederlânsktalige parse oer it nijs berjochte. De neikommende rige diskriminearjende uteringen ferskynde op Twitter ûnder in berjocht fan it Algemeen Dagblad:

Bysûnder dat der noch Fryske bewegers besteane: https://jongfryskemienskip.frl/