Provinsje stipet The Passion yn Harns mei in ton

desimber 31, 2022 07:00

Foto: Jan Willem de Venster

De útfiering fan The Passion yn Harns kin takomme jier op finansjele stipe fan de provinsje Fryslân rekkenje. Dy jout foar ien kear in subsydzje fan €100.000,-. De Fryske havenstêd foarmet op 6 april it dekôr foar in moderne útfiering en it neifertellen fan it Bibelferhaal oer de lêste oeren út it libben fan Jezus Kristus.

De gemeente Harns is yn ’e mande mei produsint EyeZEye Media al mei de tariedingen begûn. It jierlikse muzikale evenemint yn de wike foar Peaske giet oer it lijen, stjerren en de opstanning fan Jezus en is live te sjen by KRO-NCRV op NPO 1.

Hoewol’t The Passion net yn de provinsjale begrutting opnaam is, achtet de provinsje de stipe oan de útfiering wichtich omdat it om in grut kultureel popevenemint giet. Dêrom stipet de provinsje it evenemint mei in selde bedrach as de útfiering yn Ljouwert yn 2017.

De útfiering befoarderet it kultuertoerisme, de oandacht foar de Fryske taal en de sichtberens fan Fryslân, dat de stipe slút goed oan by de provinsjale doelstellingen as it opmoedigjen fan kultuertoerisme, de sichtberens fan Fryslân, it stimulearjen fan de lokale ekonomy en de sichtberens fan de Fryske taal.

desimber 31, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.