Perfester Frysk Goffe Jensma yn ’e pleit foar bettere lessen Frysk op skoalle
Resint ferskynd
Folle mear Friezen soene it Frysk skriuwen op skoalle leare moatte. Dêr pleite heechlearaar Frysk Goffe Jensma woansdeitejûn by syn ôfskie yn it Ljouwerter Provinsjehûs foar.
“In soad Friezen hawwe in Nederlânsk wurdboek yn ’e holle,” seit Jensma, “omdat se op skoalle wol Nederlânsk skriuwen leard ha, mar gjin Frysk.” It gefolch dêrfan is dat de kwaliteit fan it sprutsen Frysk ek ûnder druk komt te stean troch Hollânske ynslûpsels.
“Wat je dan krije is ‘language insecurity’, taalûnsekerheid”, stelt Jensma. “As minsken in wurd net wite, pakke se it Nederlânske wurd en net it Fryske. Se sille dan earder ‘overhemd’ sizze as boesgroen of oerhimd.”
Better Frysk skriuwûnderwiis is neffens Jensma wichtich foar it taalbehâld en foar de kwaliteit fan it Frysk. “Minsken leare dan dat der in standerttaal is en wat dy standert is.” Jensma kaam der sels pas as gymnasiast efter dat it Frysk in skriuwtradysje en in literatuer hat, doe’t in learaar him syn earste Frysk boek joech.
“In soad Friezen leare pas letter it Frysk goed”, seit er. “Foar de measte Fryske skriuwers jildt ek dat se yn it Nederlânsk begûn binne en noch hieltyd ûnwis binne oer it Frysk en gauris it wurdboek derby pakke.”
Hy pleitet dêrom foar ‘eigentiidsk skriuwûnderwiis’ mei moderne helpmiddels as digitale taalstipers. “Eins soene alle bern leare moatte dat je Frysk skriuwe kinne en wat de standert is.”
Fanwege strideraasje mei de Ryksuniversiteit Grins oer syn opfolging wie it ôfskie fan Goffe Jensma woansdeitejûn yn de steateseal yn Ljouwert. Jensma waard dêir tasprutsen troch ûnder oaren kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy’t Jensma priizge as in ‘ûnôfhinklik tinker’.
De dichters Elske Kampen, Sigrid Kingma en Abe de Vries lieten Fryske poëzy klinke en Jensma presintearre sels in bondel essays en skôgingen oer kultuer, skiednis, streektaalmuzyk en ‘wrâldstêd Fryslân’, mei de wat provosearjende titel Exit Fryslân. De earste eksimplaren fan it boek joech er oan kommisaris Brok en oan studinte Rymke Schuurmans.
It nijs dat Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar Frysk kaam de universiteit de ôfrûne wiken op skerpe krityk te stean fan de Provinsje Fryslân en de Twadde Keamer. Jensma giet der dêrom fan út dat der wol in opfolger komt. De universiteit docht te witten dat in “tuskenoplossing” op kommendewei is.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje