NTR slút lykas wenst it jier ôf mei de ‘Top 2000 a gogo’
Resint ferskynd
Goed nijs foar muzykleafhawwers: dit jier slút de Top 2000 a gogo it jier wer op muzikale wize ôf. Foar’t it safier is, wurdt ôftrape mei Top 2000: De Opening, folge troch nije ôfleveringen fan Top 2000: The Untold Stories en tolve nije útstjoeringen fan de Top 2000 a gogo-podcast.

Foto: NTR
Op 26 desimber set de Top 2000 a gogo útein. Dizze kear mei Herman van der Zandt, dy’t it programma foar ien kear mei Leo Blokhuis presintearret. Oars wie Matthijs van Nieuwkerk meipresintator, mar om him is koartlyn rebûlje ûntstien nei in artikel yn de Volkskrant oer syn hâlden en dragen by it meitsjen fan it programma De Wereld Draait Door.
Top 2000 a gogo
De Top 2000 a gogo is it âldjiersfeestje mei fertroude yngrediïnten lykas minyreportaazjes oer in lietsje en fideoklips mei ferrassende weetsjes by nûmers út de list. Ofwikseljende gasten diele oantinkens en fertelle ferhalen oer harren muzikale helden. Nij yn dy setting is Herman van der Zandt, dy’t it programma mei Leo Blokhuis presintearret. Oan de nije Top 2000-bar is alle gelegenheid om anekdoaten op te heljen en sterke ferhalen te fertellen. En op ûnferwachte mominten kin der ynienen in orkestke it kafee ynkomme.
Herman van der Zandt: “De NTR hat my frege om foar ien kear gasthear fan dit populêre programma te wêzen. Dat kin ik min neist my dellizze. It Top 2000-kafee is foar my bekend terrein. Ik haw in brede muzyksmaak, mar bin dochs ek foaral in bern fan de tachtiger jierren. Mei Leo en de redaksje wol ik der in geweldige jierôfsluting fan meitsje.”
Utstjoeringen Top 2000 a gogo: alle dagen fan 26 o/m 31 desimber, om 22.00 op NPO 1.
Utstjoeringen Top 2000 The Untold Stories: alle dagen fan 19 o/m 23 desimber, om 22.00 hinne op NPO 3.

Herman van der Zandt (foto: NTR)
Top 2000: De iepening
Flak foar’t de Top 2000 op NPO Radio 2 úteinset, sjocht Leo Blokhuis foarút nei de grutte list. Dat docht er mei alle dj’s dy’t dit jier de Top 2000 presintearje. Top 2000: De iepening is in programma fol mei muzyk: mei live optredens, moaie muzykfragminten en persoanlike ferhalen. Oanslutend fersoarget dj Bart Arens in spektakulêre ôftraap, dêr’t de Top 2000 offisjeel mei fan start giet.
Utstjoering: tongersdei 24 desimber 22.40 oere op NPO 3.
Top 2000-kwis
De Top 2000-kwis wurdt dit jier spitigernôch net útstjoerd. Dat bliek produksjoneel net mooglik.
Top 2000 a gogo-podcast
Yn gearwurking mei NPO Radio 2 makket de NTR tolve nije ôfleveringen fan de Top 2000 a gogo-podcast. Leo Blokhuis fertelt dêr ferhalen yn dy’t beskûlgeane efter de muzyk yn de grutte list. Mei ferrassende ferbannen yn de popskiednis, opmerklike details en fansels in protte muzykfragminten. De earste ôfleveringen steane al online. De podcast is te beharkjen fia www.nporadio2.nl/podcasts/top-2000-a-gogo en fia podcastapps.
NPO Radio 2 Top 2000
De NPO Radio 2 Top 2000 is ien fan de grutste radio- en muzykeveneminten fan Nederlân, dêr’t alle jierren sa’n tsien miljoen minsken nei harkje en sjogge. De grutte list wurdt alle jierren troch it publyk gearstald. De 24e Top 2000 is te sjen en te beharkjen fan earste krystdei 00.00 oere ôf oant en mei âldjiersjûn. De útstjoering út it Top 2000-kafee yn Beeld en Geluid yn Hilversum is 24 oeren deis te folgjen fia NPO Radio 2, nporadio2.nl, NPO 1 ekstra en nachts op NPO 3. De NTR fersoarget de telefyzje-útstjoeringen Top 2000 – The Untold Stories en Top 2000: De iepening op NPO 3 en Top 2000 a gogo op NPO 1.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje