Yndonezyske nije wet makket seks bûten houlik strafber
Resint ferskynd
It Yndonezysk parlemint hat in wet oannommen dy’t ûnder mear oerhoer en seks bûten it houlik strafber makket. Straffen op bûtenechtlike seks bygelyks kinne oprinne oant in jier selstraf.

Moskee yn Banda Atjeh Yndonezië (foto: Wikipedia – publyk domein)
It promoatsjen fan antykonsepsje wurdt ek yllegaal, krekt as godslastering. Fierder wurdt it ferbod op it misledigjen fan in sittende presidint en fice-presidint, de steatsynstellingen en de nasjonale ideology opnij ynfierd. Yndonezyske politisy besykje al desennialang om it âlde wetboek fan strafrjocht, dat Nederlân dêr yn 1918 ynfierde, oan te passen. Se wolle it rjocht ‘dekolonialisearje’ en passender meitsje oan de Yndonezyske wearden. Mei de oanwaaksende ynfloed fan de politike islam betsjut it dat Yndonezië hieltyd konservativer wurdt en dat dêr de befolking yn meilutsen wurdt.
It oanpassen fan de wetjouwing is in striidpunt; minskerjochte-organisaasjes seine earder al dat soks op kosten fan de boargerlike frijheden giet. “Troch oerhoer strafber te meitsjen slacht Yndonezië in katastrofale en heilleaze wei yn”, skreau Phil Robertson, plakfervangend Azië-direkteur fan Human Rigts Watch earder op Twitter.
It nije wetboek moat yn 2025 fan krêft wurde, mar toeristen dy’t nei dy tiid nei Yndonezië komme, hoege net al te bot yn noed te sitten. It is nammentlik inkeld strafber om mei ien ûnder ien dak te wenjen sûnder troud te wêzen of seks foar it houlik te hawwen as dat troch neiste famylje oanjûn wurdt. Dat konservative nije wetboek liket dus foaral ornearre te wêzen foar Yndoneziërs sels.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje