Nije Sorbysktalige radiostjoerder
Resint ferskynd
Der komt ynkoarten in radiostjoerder by dy’t it Sorbysk brûkt. Yn de East-Dútske gemeente Malešecy/Malschwitz is Lucian Kaulfürst begûn mei in stjoerder dy’t inkeld de eigen taal fan de streek brûkt. Dat Sorbysk waard yn it ferline yn it hiele easten fan Dútslân praat en no noch troch sa’n fyftichtûzen minsken oan de grins mei Tsjechië en Poalen.
Kaulfürst is sûnt ferline jier “taalmotivator” by it Sorbysk Projektburo. Syn wichtichste taak is om it gebrûk fan de Sorbyske taal te stimulearjen, benammen yn de doarpen dêr’t it Sorbysk net mear aktyf praat, mar noch wol ferstien wurdt. Mei it nije radiostasjon, dat út Malešecy/Malschwitz wei útstjoerings fersoarget, hopet er dêrta by te dragen.
Der binne yn de Sorbysktalige regio ferskate stjoerders dy’t it Sorbysk brûke: de MDR hat programma’s yn de taal en der binne twa lytse muzykstjoerders dy’t de presintaasje dêryn fersoargje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje