Nije krystferskes yn it Frysk fan Sealterlân
Resint ferskynd
Der wurdt net in soad songen yn it Frysk fan Sealterlân, de lytse Frysktalige enklave yn it westen fan Dútslân. Dat jildt benammen foar nije ferskes. Dat is lykwols feroare. It nije sjongtrio Do ulkige Wuchtere hat dit jier ferskate Dútske klassikers yn it eigen Frysk oerset. Henk Wolf fan de Oldenburgische Landschaft hat der fideo’s fan makke. Spesjaal foar de krystdagen hawwe hja fjouweresom fjouwer klassike en moderne krystferskes oerset en ferspraat. Se binne hjir te besjen en te beharkjen:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje