New York en Singapore binne djoerste stêden op ’e wrâld

desimber 2, 2022 08:37 Fernijd

New York en Singapore binne de djoerste stêden op ’e wrâld om yn te libjen. Dat docht bliken út in jierliks ûndersyk fan de Economist Intelligence Unit, de ûndersykstûke fan de Britske útjouwerij The Economist Group. Foar New York is it earste plak in primeur, Singapore is foar de achtste kear yn tsien jier tiid (dield) listoanfierder.

Foto: pixabay.com

Ferline jier einige de Israelyske stêd Tel Aviv op it earste plak. Dy stêd is no op it tredde plak werom te finen. De oare stêden yn de top 10 binne Hongkong en Los Angeles (4), Zürich (6), Genève (7), San Francisco (8), Parys (9) en dielde hikkesluters binne Kopenhagen en Sydney (10). De goedkeapste stêden binne Damascus yn Syrië en Tripoli yn Libië.

Oekraïne en koroana
De ûndersikers skriuwe dat de kosten foar it libbensûnderhâld oer it algemien tanommen binne, ûnder mear troch de oarloch yn Oekraïne en koroanamaatregels. De taleveringskosten fan benammen iten en enerzjy wurde dêrtroch rekke. Kombinearre mei stiigjende rinte en ferskowende wikselkoersen hat dat neffens de ûndersikers ta in “libbensûnderhâldkrisis” laat. Wol ferwachtsje se dat de prizen it kommende jier stadichoan sakje sille.

Yn de 172 ûndersochte grutte stêden giene de prizen it ôfrûne jier yn trochsneed mei goed acht persint omheech, it heechste persintaazje yn tweintich jier. Grutste stigers binne de Russyske stêden Moskou en Sint-Petersburch. De prizen binne dêr flink omheech gien as gefolch fan de westerske sanksjes fanwege de oarloch yn Oekraïne. Moskou gie 88 plakken op de list omheech en Sint-Petersburch santich.

desimber 2, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.