Nederlânske projekten gripe njonken ‘miljeu-Nobelprizen’ fan prins William
Resint ferskynd
By de útrikking fan de Earthshot-prizen freed yn de Amerikaanske stêd Boston is de kar net op de twa nominearre Nederlânske projekten fallen. De prizen, in inisjatyf fan de Britske kroanprins William, wurde sjoen as in soarte fan Nobelprizen op it mêd fan duorsumens en miljeu.

In bûleskerm by Gelsenkirchen (foto: Wikipedia/Arnoldius, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)
Prins William wie sels yn Boston op it útrikkingsgala. Der waarden prizen yn fiif kategoryen takend, elk beleanne mei ien miljoen pûn (1,17 miljoen euro). Artysten as Annie Lennox, Ellie Goulding en Billie Eilish treden op.
Plestik út rivieren
Yn ’e kategory foar it ferbetterjen fan de oseanen wie it Nederlânske projekt The Bubble Barrier nominearre. Dat is in gerdyn dat plestik út rivieren hellet. De priis gie nei in Australysk inisjatyf om ynlânske froulju mear by it behâld fan it Great Barrier Reef te beheljen.
De gemeente Amsterdam hie in nominaasje yn ’e kategory ‘in ôffalfrije wrâld’ krige, fanwege de ambysje om yn 2050 in folslein sirkulêre ekonomy te hawwen. De gemeente lei it ôf tsjin in Britsk bedriuw dat ferpakkingen fan seewier makket. De Nederlânske kânshawwers hiene derfoar keazen om de seremoanje yn Boston net fysyk by te wenjen, mar fia in livestream te folgjen. “In duorsume kar” neamden se dat tsjin it ANP.
De Earthshot-prizen binne bedoeld om duorsume projekten te stypjen en waarden ferline jier foar it earst útrikt. De namme is ôflaat fan presidint Kennedy’s moonshot, it inisjatyf om mei in grutte ynvestearring fan tiid, kennis en jild de reis nei de moanne mooglik te meitsjen. By de útrikkingsseremoanje yn Boston brocht prins William in earebetoan oan Kennedy. Yn in taspraak sei er dat de presidint mei syn moanneprojekt in urginsje sjen liet dy’t no ek nedich is om it miljeu te beskermjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje