Natuermuseum Fryslân bestiet yn 2023 hûndert jier

desimber 7, 2022 08:33 Fernijd

Takom jier is in jubileumjier foar it Natuermuseum Fryslân. It museum yn Ljouwert bestiet dan mear leafst hûndert jier. Reden foar in feest mei in protte feestlikheden en in bysûnder kado: yn 2023 is it Natuermuseum alle tongersdeis fergees tagonklik (mei útsûndering fan skoalfakânsjes).

Boarne: Natuermuseum Fryslân

Yn 1923 kamen in stikmannich Ljouwerter natuerleafhawwers byinoar om in natuerhistoarysk museum op te rjochtsjen. Inisjatyfnimmer wie Gerrit ‘Fûgeltsje’ Bosch. Syn eigen fûgel- en sûchbistekolleksje fan ‘likernôch 150 opsette fûgels, hûndert fûgelhûden en in stikmannich sûchbisten’ foarme de basis fan de kolleksje. It museum hie yn de begjinjierren in swalkjend bestean en ferhuze fan de souder fan de MTS fia in lokaal boppe de kofjeseal fan de Prinsetún nei de boppeferdjipping fan it Waachgebou.

Yn ferbân mei oarlochsgefaar waard de kolleksje yn 1940 oerbrocht nei de eardere Bank fan Liening yn de Heerestrjitte dêr’t er oant 1987 bliuwe soe. Tsjin dy tiid wie it museum folslein út syn krêften groeid. In nij ûnderkommen waard fûn yn it Nije Stedsweeshûs oan it Skuonmakkersperk, dêr’t in enoarme útwreiding fan útstallingsromte mei realisearre waard. Sa groeide in kolleksje fan 150 fûgels út ta in samling dy’t tsjintwurdich sa’n 350.000 natuerhistoaryske objekten befettet. It besikersoantal rûn op fan 3800 oant goed 50.000 jiers.

Yn 2023 wurdt it hûndertjierrich bestean fierd en de jubilaris traktearret. It Natuermuseum hat in bysûnder kado foar de ynwenners fan Fryslân (en dêrbûten). Hiel 2023 is it museum tongerdeis fergees tagonklik (skoalfakânsjes útsûndere). Elkenien moat de kâns krije om nei in museum te gean; minsken mei in smelle ponge ek. It museum wurket mei ferskillende ynstellingen gearn om minsken te berikken, lykas mei de Fiedselbank, Gemeente Ljouwert, Buurvrouw & Buurvrouw en Pier 21. De dei wurdt mei mooglik makke troch Stichting Het Nieuwe Stadsweeshuis, LOF en oare fûnsen.

Boarne: Natuermuseum Fryslân

Yn oanrin nei it jubileumjier is sûnt de hjerstfakânsje fan dit jier al T. Rex in Town te sjen, in bysûndere eksposysje dêr’t it wittenskiplik model fan in T. Rexbonkerak sintraal yn stiet. Yn 2023 sille der ferskate aktiviteiten wêze, lykas in natuer- en kultuerfestival om de jierdei fan it museum op 18 maaie hinne. It programma sil tsjin dy tiid op ’e webside fan it museum te finen wêze.

Praktysk
De fergeze tongersdei jildt it hiele jier 2023, offisjele lanlike skoalfakânsjes útsûndere. De aksje is rjochte op yndividuele besikers en spesifike groepen, mar jildt net foar skoallen, dy’t altyd al in redusearre taryf krije. Op de fergeze tongersdei kinne besikers foar € 1 in rit yn ’e UnderWetterSafary meitsje. Der is in beheind tal plakken deis beskikber en fia ynternet reservearje wurdt dêrom mei klam oanret. Mear ynformaasje is te finen op www.natuurmuseumfryslan.nl.

desimber 7, 2022 08:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp desimber 7, 14:09

    Ik fyn dat op syn minst de direkteur G. Stobbe neamd wurde moat dy’t yn de Heerestrjitteperioade tige wichtig west hat en de kolleksje enorm útwreide hat. Hy wie in grut ekspert yn poddestuollen. Yn myn tiid as biologydosint oan De Him yn Snits hat hy faak ekskurzjes nei de Rysterbosk begelaat mei myn treddejiers studinten. In fierstento beskieden man, mar wat hat er in soad dien en wat wist er in soad! Net ferjitten, dy man!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.