Misje 538 hellet 4,2 miljoen euro op foar bernesikehûs
Resint ferskynd
Radio 538 hat mei de aksjewike Misje 538 yn totaal 4.278.466 euro ophelle foar it Prinses Máxima Sintrum foar berne-onkology yn Utert. Dat is in rekôrbedrach foar de radiostjoerder, dy’t dit jier foar de tredde kear jild foar in goed doel ophelle.

It Glêzen Hûs yn Amersfoart (foto: Wikipedia/Cas_Plz – CC BY-SA 4.0)
Yn 2020 fierde de stjoerder aksje foar de itensbank, dêr’t doe goed 1,1 miljoen euro foar ophelle waard. It jier derop waard jild ynsammele foar tolve ferskillende doelen, dêr’t it Prinses Máxima Sintrum der ien fan wie. Doe sleat de aksjewike mei wat minder as ien miljoen euro.
Mei it jild fan dizze aksje moatte saneamde clean rooms realisearre wurde. Dêryn wurde ôfwarsellen fan bern programmearre om kankersellen te bestriden. It ophelle bedrach is genôch om de komst fan trije fan dy keamers fan te beteljen. Der koe op ferskillende manieren jild ynsammele wurde. Yn ruil foar donaasjes waarden platen oanfrege en waarden yn Nederlân hast tûzen aksjes holden.
De publike stjoerder 3FM hold ek in aksjewike: Serious Request yn it Glêzen Hûs yn Amersfoart. Dj’s Sophie Hijlkema, Rob Janssen en Barend van Deelen waarden ferline wike snein om 12.00 oere yn it Glêzen Hûs opsletten en juster kaam de aksje ta in ein. Hja sammelen € 2.345.107 yn foar de stifting Het Vergeten Kind, dy’t him ynset foar bern dy’t yn in ûnstabile thússituaasje opgroeie. Healwei de wike waard bekend dat twa fan de trije 3FM-dj’s koroana skipe hiene, mar hja giene dochs mei de aksje troch.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje