‘Mienskip en Bedriuw yn Ferbining’ bringt ynwenners en lokale ûndernimmings byinoar

desimber 8, 2022 08:51

De provinsje Fryslân wol mei jild stimulearje dat ynwenners en lokale ûndernimmingen tichter byinoar komme. Dêr is foar ien kear de subsydzjeregeling ‘Mienskip en Bedriuw yn ferbining’ foar yn it libben roppen. Ut oerbleaun koroananeedstipejild wurdt 330.000 euro beskikber steld om inisjativen út de Mienskip te stypjen. Op moandei 16 jannewaris 2023 giet de regeling iepen.

Neidat de sosjale gearhing in pear jier bot te lijen hân hat fan de koaroanamaatregels wol de provinsje mei in subsydzjeregeling deroan bydrage om dy gearhing werom te winnen. Om soks te berikken is it fan belang dat lokale ûndernimmers by de buerten en doarpen dêr’t sy fêstige binne belutsen binne. Oarsom jildt dat buert- en doarpsbewenners de lokale ûndernimmer yn syn fuortbestean helpe kinne. Koartsein se hawwe inoar nedich. It doel fan de regeling is it fuortsterkjen fan it lokale gefoel fan mei-inoar wêzen en it bewustwurden fan it belang fan lokale ûndernimmingen foar in buert en/of doarp. Troch it stimulearjen fan mienskiplike aktiviteiten yn buert of doarp hopet de provinsje mear ferbûnens te kreëarjen.

It Heidenskip. Foto Wim van der Meer

Mienskip en Bedriuw yn Ferbining
Inisjativen dy’t faker as ien kear yn ’t jier weromkomme en troch in stichting of feriening yntsjinne binne, kinne subsidiearre wurde. By sa’n inisjatyf moatte twa lokale ûndernimmingen behelle wurde. Der is romte foar fyftjin inisjativen de regio, foar de regio it Waad seis. Der is (maksimaal) 5000 euro it inisjatyf beskikber út it Needfûns (No en Moarn II). Deputearre Klaas Fokkinga: “Ik bin bliid dat wy de regeling iepenstelle kinne. Undernimmers hawwe in wichtige funksje yn de Fryske doarpen. In lytse positive ympuls mei grutte gefolgen foar de leefberens.”

Wurkwize
Subsydzje moat mei it offisjele oanfraachformulier oanfrege wurde. Dat wurdt flak foar de iepenstelling publisearre (www.fryslan.frl/mienskipenbedriuwynferbining). Dêr is alle oare ynformaasje oer de regeling ek te finen. De regeling wurdt foar ien kear iepensteld: fan 16 jannewaris oant en mei 17 febrewaris 2023. Inisjatyfnimmers dy’t fragen hawwe, kinne dy telefoanysk (058-292 59 25) of mei in mail nei provincie@fryslan.frl stelle.

desimber 8, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.