Marslanner kriget gjin enerzjy mear en nimt ôfskie

desimber 22, 2022 08:53

De ein komt yn sicht foar InSight, it lanningstastel dat sûnt 2018 geologyske aktiviteit op Mars ûndersocht. Earder ried Marslanner Spirit him fêst yn ’e woastyn en de karkes Opportunity en Phoenix ferlearen it kontakt mei de ierde yn in stofstoarm. InSight nimt ôfskie mei de wurden: “Krij gjin enerzjy mear, hâld der hast mei op.”

InSight is net in karke lykas Opportunity en syn gruttere opfolgers Curiosity en Perseverance, mar is in lanningstastel op poaten dat as taak hat om mear te witten te kommen oer it binnenste fan Mars. De Marsrobot hie as ark in hammer, in seismomjitter en in graafmeganyk meikrigen. Hy moast oant fiif meter djip mjitte wat de temperatuer ûnder de grûn is, mar kaam nei twa jier besykjen net fierder as sa’n 35 sintimeter djipte. Mei de seismomjitter dy’t op it Marsoerflak delset waard, koe er lykwols sekuer Marsbevingen mjitte. Yn totaal meat InSight mear as 1300 grutte en lytsere bevingen. Fan fyftich bevingen koe InSight it epysintrum mjitte. De ferkenner levere ek ynformaasje oer de ferskillende lagen dêr’t de planeet út bestiet, de floeibere kearn fan Mars en resten ûnder it oerflak fan in earder magnetysk fjild. Hy fûn ek oanwizingen fan iis ûnder it oerflak.

InSight (ôfbylding: NASA)

Mei dy gegevens kin NASA bettere modellen meitsje fan hoe’t de planeet yn miljarden jierren feroare is. Ferline moanne seach de Insight op Twitter al op syn aktive jierren op Mars werom: “Ik haw it gelok hân op twa planeten libje te meien. Fjouwer jier lyn kaam ik feilich op ’e twadde oan, ta tefredenheid fan myn famylje op ’e earste. Tank oan myn ploech foar dizze ûntdekkingsreis, ik hoopje dat jim grutsk binne.”

Oare Marsferkenners geane gewoan troch. Rover Curiosity rydt sûnt 2012 noch hieltyd yn de krater Gale om en syn opfolger Perseverance sil buiskes mei Marsgrús op ’e grûn efterlitte. It wjukkelmasyntsje Ingenuity fljocht ek noch hieltyd om. Dat makke op 10 desimber syn lêste flecht en hat ûnderwilens mear as sân kilometer ôflein. Meikoarten wurdt besocht om mei it helikopterke oer heuvels te fleanen.

desimber 22, 2022 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.