Lytse boskjes tige wichtich foar stêden

desimber 21, 2022 19:41

In proef mei it oanlizzen fan lytse boskjes hat útwizing dien dat dy yn in soad opsichten goed binne foar de natoer en de omwenners. De universiteit fan Weinum hat tsien fan sokke boskjes, faak net grutter as in heal fuotbalfjild en de omkriten dêrfan ûndersocht.

Net allinne soargje de boskjes foar in legere temperatuer op waarme dagen, se nimme ek grûnwetter en koaldiokside op. Boppedat biede se ûnderdak oan allegear planten en bisten dy’t oars net yn in stêd foarkomme. Sa drage se by oan it biologysk ferskaat. In bykommend ferskynsel is dat bern der in protte oer de natoer leare kinne, benammen as skoallen der wat mei dogge.

Dat is nedich, fertelt Daan Bleichrodt fan it Instituut voor Natuureducatie en Duurzaamheid. Hy jout al goed tsien jier foarljochting oer de natoer op skoallen en it komt geregeld foar dat er oan in klasse freget wa’t wolris yn in bosk west hat en dat dan yn de folsleine klasse net ien bern de hân opstekt.

It oanlizzen fan lytse boskjes wurdt rûnom op ‘e wrâld al in pear jier dien om natoer en miljeu te stypjen. Yn Nederlân binne de ôfrûne sân jier 167 fan sokke boskjes oanlein. Acht dêrfan lizze yn Fryslân. Neffens de ûndersikers moat in boskje tsien jier âld wêze foardat de omkrite der optimaal baat by hat.

In oersjoch fan de nije minyboskjes is hjir te finen.

desimber 21, 2022 19:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.