Limburger gemeente Meerssen begjint mei twatalige buorden
Resint ferskynd

Twataligens yn ‘e iepenbiere rûmte wint oan yn Europa. Yn de provinsje Fryslân wiene de measte buorden yn de foarige iuw al twatalich. Regio’s lykas East-Fryslân en Drinte binne der yn dizze iuw wakker mei dwaande en de Nederlânske provinsje Limburch docht op ‘t heden ek wakker mei.
De gemeente Meerssen, dy’t tsjin Maastricht oan leit, begjint der no mei. It doarp Gäöl/Geulle hat fan ‘t wykein as earste in twatalich boerd krige. Boppe-oan stiet it Nederlânske Geulle, dêrûnder yn deselde lettergrutte Gäöl yn it Limburchsk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje