Lededei LTO Noard woansdei 14 desimber mei minister Piet Adema
Resint ferskynd
Op woansdei 14 desimber organisearret LTO Noard regio Noard syn lededei yn Skouboarch De Lawei yn Drachten. It tema fan dit jier is ‘Takomst: hoe dan?’.

Ofbylding: LTO Noard
Regiofoarsitter Trienke Elshof: “De Nederlânske lânbou stiet foar grutte feroaringen. Alle boeren en túnkers hawwe ferlet fan takomstperspektyf, mar sitte noch yn grutte ûnwissichheid. Op de lededei sjogge we mei in positive blik nei de takomst.”
As haadsprekker fertelt de nije minister fan Lânbou, natuer en fiskerij Piet Adema hoe’t er mei de sektor oan in takomstbestindige lânbou wurkje wol. Fierder jouwe foarsitter Sjaak van der Tak en direkteur Hans van den Heuvel fan LTO Nederlân in tajochting oer harren takomstfyzje en de lanlike lobby. En fisker Louwe de Boer út Urk, fan de Ekofish Group fertelt syn ferhaal oer de fiskerij dy’t yn in drege tiid fernijende fiskerijtechniken ynset foar in duorsume takomst.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje