Learlingen IKC Het Palet betinke sûne fariant bernemenu

desimber 20, 2022 08:35 Fernijd

Yn restaurants stiet op in bernemenu faak patat, stikjes hin of pankoeken. Lekker, mar net folle fariaasje en it kin folle sûner. Mei it programma Bernemenu 2.0 fan Jong Leren Eten Fryslân wurde mei de bern sûne, regionale én lekkere gerjochten foar bern op menukaarten fan Fryske restaurants set. Yn de gemeente Ljouwert giene learlingen fan ferskate basisskoallen ek fanatyk oan ’e slach.

Foto: pixabay.com

Groep 7 fan IKC Het Palet hat de kriich om in sûn bernemenu te betinken, wûn. Neffens Max Tuik, de kok fan ‘t Pannekoekschip yn Ljouwert, hawwe de learlingen goede en sûne yngrediïnten foar harren pankoek brûkt: in protte griente en fruit, en net folle swiete dingen. “It is dúdlik dat elkenien goed oer syn of har útstel neitocht hat. Dêrom is besletten om net ien pankoek as winner te kiezen, mar de hiele klasse winner fan de wedstriid te meitsjen.”

Kok Max stelde dêrom út om in flink tal yngrediïnten te brûken en sa in pankoek mei de namme fan de skoalle te meitsjen. Dat wurdt in ‘Paletpankoek – in sûne kar’ en dy komt by it Pankoekskip yn Ljouwert op ’e menukaart te stean. Ofrûne woansdei giene de learlingen yn it restaurant sels mei it nije resept oan ’e slach. Hja wiene dan ek de earste proefpersoanen.

Bernemenu
Bernemenu 2.0 is in moaie manier om yn ’e klasse mei it tema fieding oan ’e gong te gean. Troch de gearwurking mei lokale restaurants wurdt it foar de bern ek echt taastber. Hja sjogge fuort it resultaat fan harren hurde wurk en kinne de gerjochten yndied mei harren âlden bestelle en priuwe.

Jong iten leare
Jong Leren Eten is in programma fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) en it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV). It doel fan it programma is om bern en jongelju te learen om foar bliuwende sûne én duorsume itenskarren te kiezen. Mear ynformaasje is te finen op de webside www.jonglereneten.nl/provincie/friesland.

desimber 20, 2022 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.