Krystkongres 2022
Resint ferskynd
Foar de 90ste kear waard op 28 desimber yn Frjentsjer it Krystkongres holden yn De Bogt fen Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân. Neidat it kongres twa jier net trochgien wie fanwegen koroana, koe it no wer heve. It kongres wurdt organisearre troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, mei fertsjintwurdigingen yn Grins (Bernlef), Wageningen/Weinum (WSSFS) en Delft (Aldgilles).

Foto It Nijs
It kongres waard dit jier mei mear as hûndert studinten (en âld-studinten) in eklatant sukses. It bestiet út in tal fêste ûnderdielen, lykas moarns in ûntfangst troch de boargemaster fan Waadhoeke, middeis it sympoasium en jûns de kabaretkriich en studintikoaze eleminten as in bier- en frikandellekriich. By einbeslút is der dan muzyk en dûnsjen oant yn de lytse oerkes.
It tema fan it sympoasium wie diskear Stjer fan Fryslân. Yn dat ramt wiene der libbensferhalen fan in tal min of mear pommerante Friezen fan jong oant âld. De earste sprekker wie de ferneamde waarman en klimaatsaakkundige Gerrrit Hiemstra. Sûnt koart is er nei Balk (Back to the roots) ferfearn en hat er in eigen bedriuw (Weather Impact) dat him rjochtet op de ynfloed fan de klimaatkrisis op ûntwikkelingslannen. Hy fertelde dat er yn syn studintetiid oan de doetiidske Lânbou Hegeskoalle yn Weinum lid fan WSSFS wie en sels lid fan de Krystkongreskommisje! (applaus). Hy begûn mei de konfrontearjende fraach oan it publyk: “Wa fan jimme is âlder as fyftich jier?” Dat wiene mar in pear oanwêzigen. “Dat is de iennichste groep dy’t noch autoleaze sneinen meimakke hat. De jongerein kin him dat net mear foarstelle.” Hiemstra bedobbe ús ûnder in grut tal sifers dêr’t bliken út die dat wy it op koarte termyn wer sûnder fossile brânje dwaan moatte, wolle wy de ierde rêde. Dêrom moatte we fan it gas ôf, net mear fleane, fegetarysk ite en elektrysk ride, fytse of iepenfier ferfier brûke. Kowefleis bygelyks soarget foar in emisje de kg fan 34 kear safolle CO2 as 1 kg pûlfruchten, tsiis 18 kg safolle.

Foto It Nijs
Twadde sprekker wie de 75-jierrige keunstner Ids Willemsma. Syn metalen keunstwurken binne rûnom yn Fryslân te finen, bygelyks syn timpel op de seedyk by Marrum. Hy begûn mei it foarlêzen fan in tal eigen gedichten en toande dêrnei dia’s út de âlde doaze fan foarbylden fan syn wurk. Hy hie in lestige jeugd troch problemen mei syn âlden. Syn heit wie derop tsjin dat er keunstner wurde woe. Mar hy wie in trochsetter en it slagge him. Hy waard ek er in grut sportman; sa hat er fjouwer kear de Alvestêdetocht reedriden. Keunstgoeroe Tom Mercuur sei fan Willemsma dat er nea keunstner wurden wie, hy wie it al. Hy hie himsels al taret op ‘It Grutte Fuortgean’; syn deakiste stiet al klear. Fierder is er in echte natuerman, dy’t in protte ynspiraasje út de natuer hellet. Fan autoriteiten moat er neat hawwe, lykas frou Helder fan de provinsjale keunstadvyskommisje dy’t fan him sei: “De man maakt altijd hetzelfde.” Hy makke doe in keunstwurk fan in kikkert “met helder inzicht op helicopter perspectief”. Mar singelier genôch is dizze frije fûgel poer op boeren tsjin dy’t protestearren mei omkearde Nederlânske flaggen (“strontsiik wurd ik dêrfan”).

Foto It Nijs
Filmmakker Janko Krist wie de tredde stjer. Hy (40 jier) is de man efter Hea fan Omrop Fryslân (mar waard letter ûntslein troch de Omrop). Hy is ek presintator by NPO3 en de man efter de film Stjer, in kaskreaker yn Fryslân, mar dêrbûten in flop, neffens him. Hy joech in tal libbenslessen mei as wichtichste: “Hoefolle ast ek ferneukst yn dyn libben, minsken ûnthâlde allinnich de suksessen.” In oare les: folgje wat wurk oanbelanget dyn passy en doch net wat de bêste karriêre liket.
Stjer 4 wie Femke Wiersma, by it grutte publyk bekend fan Boer zoekt Vrouw, mar no de frou efter politikus Caroline van der Plas, lieder fan BBB (Boer, Burger, Beweging). It wie har jierdei en it publyk barste fuort los yn ‘Lang zal ze leven!’ Se begûn har ferhaal mei in fûle oanfal op Ids Willemsma syn stânpunt oer omkearde flaggen. Neffens har gie it om in needgjalp fan boeren dy’t rûnom de skuld fan krije en troch de oerheid net sjoen wurde. Der is gjin sprake fan dat by de boeren it jild tsjin de plinten op klotst, sa’t Ids Willemsma ha woe.
De measte boeren fertsjinje amper mear as it minimumlean, harren fermogen sit yn it bedriuw en komt pas frij as se harren bedriuw ferkeapje. Mar dat wolle de measte boeren just net, omdat se hingje oan harren bedriuw dat faak al generaasjes lang yn de famylje sit. Boer is gjin berop, it is in libben! Femke kaam mei tal fan sifers dy’t bewize moatte dat it bioferskaat op lânbougrûnen allinnich mar better wurdt… Keunstdong en bestridingsmiddels soene gjin kwea dwaan. Sûnder ús yntinsive lânbou soe der rûnom op de wrâld hongersneed ûntstean. Femke Wiersma waard fûl oanfallen troch lânbouspesjalisten yn de seal, mar se praten op ferskillende weachlingten sûnder nei-inoar harkje te wollen.
Tsjin seizen wie it sympoasium ôfrûn en sakken de studinten nei de bar ôf om de kiel te smarren mei in Bearenburchje.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje